Argetype
It begryp argetype (fan it âldgryske ἀρχή arché‚ "begjin, oanfang" en τύπος typos‚ "foarbyld, skets") ferwiist yn de filosofy earst nei Plato dy't it begryp brûkt hat yn syn Ideeën lear en dêrmei op de metafysyske wurklikheid doelt dy't diel útmakket fan de dingen dy't binne. Nei Plato dûkt it begryp wer op by de filosofen Descartes, John Locke en Immanuel Kant en hat it him dêrnei fierder ûntwikkele as oermodel dat jildt as grûnslach foar alle lettere farianten. Persoanen út de Bibel, de literatuer, de mytology of skiednis kinne as foarbyld jilde fan in argetype. En ek de manieren dêr't minsken op bepaalde situaasjes reagearje kinne, wiist op in djippere laach by de minskheid dy't al sûnt de oertiid him opboud hat en dat oan eltse generaasje opnij trochjûn wurdt troch oererving en faaks ûntstean is as gefolch fan eangstige situaasjes, striid, de ferhâlding fan de geslachten en de hâlding tsjinoer berte en dea.
Jung
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Switserske psycholooch Carl Gustav Jung hat it begryp argetype in plak jûn yn syn analytyske psychology. By him binne argetypen oerbylden, oanberne foarstellings fan dingen, it binne ûnbewuste, universele patroanen. Hja komme net allinnich foar yn myten en oare universele ferhalen lykas mearkes ta útdrukking, mar ek yn dreamen. Neffens Jung leit it karakter fan de minske al foar in part fêst by syn berte en is it minder it gefolch fan syn of har omkrite.
Fiif wichtichste argetypen neffens Jung
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Persona: de façade dy't de minske oan de bûtenwrâld sjen lit, komt net oerien mei syn wiere ik;
- It Skaad: de tsjustere side fan it ûnbewuste;
- De Anima (froulike part fan de psyche): dit is by beide geslachten oanwêzich, mar foarmet foar manlju de ûnbewuste tsjinpoal;
- De Animus (manlike part fan de psyche): dit is by beide geslachten oanwêzich, mar foarmet by froulju de ûnbewuste tsjinpoal;
- It Sels: de totale persoanlikheid.