Jungiaanske psychoanalyse

Ut Wikipedy

De Jungiaanske psychoanalyse is in psychoanalytyske terapy, betocht en ûntwikkele troch de Switserske psycholooch Carl Jung. Syn terapy rjochtet him op it opnij ûntdekken en bewust wurde fan eigen net bewuste dielen yn de psyche, op dat wat ferjitten wurde moast, dingen dy't ien leaver net ûnder eagen sjocht, en dy't diel útmeitsje fan ien syn skaadside.

It doel fan dizze terapy is it yntegrearjen fan al dy dielen. Yntegraasje hâld yn it bewust wurden fan de kwaliteiten, de eigen falkûlen, fan dat wat ien driuwt en dat alles akseptearje en wurdearje as dat wat by dy heart en dat dy ta in persoanlikheid makket. De analytyske terapy makket gebrûk fan bylden lykas tekeningen, dreamen, ynbyldingen ensfh.. Sokke bylden drukke nammentlik út wat it ûnbewuste ús kenber meitsje wol. Likegoed is de wurklike boadskip fan in dream bygelyks dreech te efterheljen. De metoaden út de jungiaanske psychoanalyze binne derop rjochte om dat helderder te meitsjen.