Springe nei ynhâld

Walton Hall (West-Yorkshire)

Ut Wikipedy
'Walton Hall' yn 1993

Walton Hall is in steatik lânhûs yn it greefskip (county) West-Yorkshire, Ingelân, by Wakefield. It is boud yn de Palladianistyske-styl om 1767 hinne op in eilânsje yn in mar, op it plak dêr't yn de midsiuwen in kastiel mei in grêft rûnom stie. It wie it foarâlderlik hûs fan de naturalist en reizger Charles Waterton. Hy makke fan Walton Hall it earste natuerreservaat yn de wrâld. Waterton's soan, Edmund, ferkocht de bûtenpleats rilke gau nei de dea fan syn heit.

De Watertonsamling is no te sjen yn it Wakefield Museum.

Walton Hall is no in part fan it Waterton Park Hotel. Yn de jierren 40, 50 en de iere 60er jierren fan de 20e iuw wie it in kreamklinyk.

Der is útsteld om Walton Hall op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO te setten. Sir David Attenborough hat der foar pleite: Walton Hall is in uterst wichtich plak yn de skiednis fan natuerbehâld yn de wrâld. Der kin oanfierd wurde dat it it earste stik lân yn de moderne tiid is dat as natuerreservaat beskerme en ûnderholden is.[1]

Sinnewizer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sinnewizer fan Boulby

Der stiet in sinnewizer op it eilân oan de efterkant fan Walton Hall. Hy is makke troch George Boulby yn 1813 en is makke fan in eskdoarnhout mei koperen gnomonen. It is in mearsidige sinnewizer dy't de tiid oan jout yn de folgjende stêden oer de hiele wrâld: Amsterdam, Bazel, Boston, Demerara, Madras, Madrid, Meksiko-Stêd, Moskou, Peking, Filadelfia, Rome en Warsjau.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.yorkshirepost.co.uk/news/election-politics/politics-and-election-news/sir-david-attenborough-backs-campaign-to-have-hs2-threat-estate-designated-at-heritage-site-1-7216101
  2. historicengland.org.uk