Springe nei ynhâld

Edmund Waterton

Ut Wikipedy

Edmund Waterton (Walton Hall, West Yorkshire, 18301887) wie in Britsk skiedkundige en samler.

Hy wie iennichst bern fan Charles Waterton, wie libbenslang katolyk en krige ûnderrjocht oan Stonyhurst College (yn Lancashire).

Hy boaske 1862 oan Josephine Ennis, dochter fan Sir John Ennis, 1e Baronet, lid fan it Iersk parlemint. Hy waard fallyt ferklearre yn 1876 en moast doe de bûtenpleats Walton Hall ferkeapje. Nei it ferstjerren fan syn frou troude er fannijs yn 1881 mei Ellen Mercer.[1]

Waterton syn ringekolleksje is no foar in part te sjen yn it Victoria en Albert Museum;[2] syn samling fan edysjes fan De Neifolging fan Kristus (fan Tomas fan Kempen) is no de kearn fan de Edmund Waterton Collection yn De Britske Bibleteek.[3]

  • "On a Remarkable Incident in the Life of St Edward the Confessor", Archaeological Journal 21 (1864), s. 103–113.
  • Catalogue of the very extensive and valuable collection of antique and mediaeval rings, formed by that well-known collector, E. Waterton, etc. Londen: W. Clowes, [1868?].
  • Edmund Waterton, Pietas Mariana Britannica: A History of English Devotion to the Most Blessed Virgin Mary Mother of God, with a Catalogue of Shrines, Sanctuaries, Offerings, Bequests, and Other Memorials of the Piety of Our Forefathers. Londen 1879. Te besjen op Internet Archive.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Edmund Waterton", Overtown Miscellany. Accessed 13 Feb. 2011.
  2. DNB
  3. British Library, Named Collections of Printed Materials, U—Z. Sjoen 13 feb. 2011.