Springe nei ynhâld

Castel Film Studios

Ut Wikipedy
Castel Film Studios
algemien
nasjonaliteit Roemeensk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Izvorani
oprjochte 1992
oprjochter Vlad Păunescu, Charles Band
eigner Castel Film Romania
offisjele webside
www.castelfilm.ro
kaart
Castel Film Studios (Roemeenje)
Castel Film Studios
Lokaasje yn Roemeenje, noardlik fan Boekarest.

De Castel Film Studios binne in studiokompleks yn Izvorani, benoarden de Roemeenske haadstêd Boekarest, dêr't de opnamen foar in protte Roemeenske en ynternasjonale films en tillefyzjeprogramma's plakfine. De Castel Film Studios besteane sûnt 1992 en binne eigendom fan 'e Roemeenske filmproduksjemaatskippij Castel Film Romania.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Castel Film Studios setten yn 1992 útein, yn 't earstoan as filmstudiokompleks foar de produksjes fan 'e Roemeenske filmstudio Castel Film Romania. Dat is in produksjemaatskippij dy't yn 1991 oprjochte waard troch de Roemeenske filmprodusint Vlad Păunescu en syn Amerikaanske kollega Charles Band. Sûnt binne de Castel Film Studios útgroeid ta ien fan 'e wichtichste filmstudiokompleksen fan East-Jeropa, dêr't net inkeld de opnamen plakfine fan 'e Roemeenske films fan Castel Film Romania, mar ek fan ynternasjonale, Ingelsktalige produksjes fan filmstudio's út oare lannen.

Yn totaal binne der anno 2023 mear as 350 films en tillefyzjeprogramma's hielendal of foar in part opnommen yn 'e Castel Film Studios, wêrûnder de histoaryske oarlochsfilm Cold Mountain (mei Nicole Kidman en Renée Zellweger), de romantyske krystfilm A Royal Christmas (mei Lacey Chabert en Jane Seymour), de horrorfilm The Nun en de softpornotillefyzjesearje Life on Top. Ek binne der in protte produksjes fan 'e Amerikaanske filmstudio Full Moon Features opnommen, dy't him taleit op it horrorsjenre.

Oare films en programma's dy't yn kompleks opnommen waarden, wiene produksjes fan Warner Bros., Paramount Pictures, Miramax Films, Focus Features, Sony Pictures, HBO, Dimension Films, ABC, USA Network, Trimark Pictures, Granada Media, Les Productions du Tresor en Noe Productions.

Fasiliteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Castel Film Studios beskikke oer njoggen ûnderskate soundstages mei in mienskiplik oerflak fan 9.648 . De lytste dêrfan is Studio 8, dy't 216 m² mjit, en de grutste is Studio 5, mei in oerflak fan 3.354 m². Fierders binne der in soundstage fan 270 m², ien fan 408 m², trije fan 540 m², ien fan 1.260 m² en ien fan 2.520 m². Fansels binne der ek klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring, kantoaren en fasiliteiten foar postproduksjewurk lykas filmmontaazje. Op it backlot fan it studiokompleks befine har ferskate fêste filmsets, in nullewâld en in lytse mar.

Produksjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In seleksje fan films en tillefyzjefilms dy't alteast foar in diel yn 'e Castel Film Studios opnommen binne:


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Referinţe, op dizze side.