Burrardynham

Ut Wikipedy
Burrardynham
Utsjoch oer de Burrardynham.
Utsjoch oer de Burrardynham.
geografy
type wetter fjord
lokaasje Legere Fêstelân
lân Kanada
provinsje Britsk-Kolumbia
koördinaten 49°18′15″N 123°12′56″W
ûnderdiel fan Strjitte fan Georgia
sifers
maks. lingte 25 km
maks. breedte 3 km

De Burrardynham (Ingelsk: Burrard Inlet), is in fjord yn 'e súdwestlike kust fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, ûntstien troch gletsjerfoarming yn 'e lêste iistiid, dy't einige om 8000 f.Kr. hinne. De ynham hat relatyf ûndjippe iggen en giet yn it westen oer yn 'e Strjitte fan Georgia, dy't diel útmakket fan 'e Salisjaanske See, in part fan 'e Stille Oseaan. De Burrardynham skiedt de metropoal Vancouver, yn it suden, fan 'e foarstêden West Vancouver en North Vancouver, yn it noarden.

In lânkaart fan 'e Burrardynham.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Burrardynham is in ûnderdiel fan 'e Strjitte fan Georgia, it diel fan 'e Salisjaanske See tusken Vancouvereilân en it fêstelân fan Britsk-Kolumbia yn. Fan 'e kust ôf, by Point Atkinson, rint de ynham sa'n 25 km frijwol rjocht nei it easten ta, nei Port Moody. Dit part fan 'e Burrardynham hat relatyf ûndjippe iggen.

Op likernôch twatrêde fan 'e ôfstân fan 'e kust ôf spjaltet in sydfjord mei folle steilere iggen, de Indian Arm, him fan 'e haadfjord ôf, om dêrwei nochris sa'n 20 km nei it noardnoardeasten te rinnen. De haadfjord rint foar it meastepart troch in folslein urbanisearre krite; de Indian Arm rikt dêr foarby, oant yn in bercheftige wyldernis. Oan it begjin fan 'e Burrardynham omfiemet de fjord de likernôch 8 km brede Ingelske Baai, dy't yn it easten ôfsletten wurdt troch in nau, de First Narrows ("Earste Ingte"). Healwei de First Narrows en de ôfspjalting fan 'e Indian Arm is in twadde nau, Second Narrows. Tusken First en Second Narrows yn is de Burrardynham likernôch 3 km breed.

Oan 'e súdkant fan 'e Burrardynham leit it Burrard-skiereilân, in leechleine krite dy't diel útmakket fan 'e delta fan 'e rivier de Fraser. It Burrard-skiereilân en it gebiet besuden de Fraser foarmje tsjintwurdich it grutste part fan 'e stêdekloft fan Vancouver. Oan 'e noardkant fan 'e Burrardynham rint dy stêdekloft troch op 'e skeanten fan it North Shore-berchtme. Dêr lizze de foarstêden West Vancouver, North Vancouver, Burnaby, Port Moody en it distrikt North Vancouver. Trije brêgen oerspanne de Burrardynham: de First Narrows Bridge, better bekend as de Lions' Gate Bridge, boud yn 'e 1930-er jierren; de Ironworkers Memorial Second Narrows Crossing út 1960; en de spoarbrêge Second Narrows Bridge, út 1969. Der is ek in SeaBus-fearpont oer de fjord.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kusten fan 'e Burrardynham binne al tûzenen jierren it heitelân fan Yndiaanske folken as de Muskwiim (Musqueam), Skwamisj (Squamish) en Tsleil-Wautût (Tsleil-Waututh). De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't de fjord opfearen, wiene de leden fan 'e Spaanske ekspedysje fan Juan Carrasco en José María Narváez, yn 1791. Harren doel wie om 'e mûning fan 'e rivier de Fraser te finen, dy't eins fierder súdlik leit. Se neamden de ynham Canal de Floridablanca, de "Wetterwei fan Wite Blommen". Yn 1792 ferkende de Spanjert Dionisio Alcalá Galiano de krite fierder. Hy fûn de Fraser wol, en kaam derefter dat dy net yn ferbining stie mei de Burrardynham. Inkele dagen nei't Galiano ôfset wie, arrivearre de earste Britske ekspedysje yn it gebiet, dy't ûnder lieding stie fan George Vancouver. Dyselde ferneamde de Burrardynham nei syn freon en eardere skipsgenoat, kaptein-op-see (en letter admiraal) sir Harry Burrard-Neale.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.