Springe nei ynhâld

Burgkirche (Ingelheim)

Ut Wikipedy
Burgkirche (Ingelheim)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Ingelheim am Rhein
koördinaten 49° 57' N 8° 3' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
Arsjitektuer
boujier 1404-1462
boustyl gotyk, toer romaansk
Webside
burgkirche-ingelheim.ekhn.de
Kaart
Burgkirche (Rynlân-Palts)
Burgkirche

De Burgkirche yn 'e stêd Ingelheim am Rhein yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts is in letgoatysk tsjerkegebou, omklamme troch midsiuwske muorren mei tuorren en poarten. De tsjerke is ien fan 'e bêste bewarre wartsjerken fan it súdwesten fan Dútslân. De tsjerke fertsjintwurdiget ferskillende boustilen oant healwei de 15e iuw.

De tsjerke moast de befolking in taflecht biede by fijannichheden, itjing lykwols nea nedich west hat. Ek waarden de eallju fan Ingelheim yn 'e tsjerke begroeven, dêr't noch in rige epitafen fan tsjûgje. Yn 'e ûnderste ferdjipping fan 'e toer waard it argyf fan it Ingelheimer Hege Hôf bewarre.

De tsjerke waard tusken 1998 oant 2006 hielendal restaurearre. Ek it weardefolle midsiuwske Marijeraam yn it koer is doe renovearre.

Lokaasje en omjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Warmuorre.

De tsjerke stiet op it heechste punt fan it stedsdiel Ober-Ingelheim oan 'e râne fan 'e bebouwing oan in helling dy't op de Mainzer Berg oergiet. De tsjerke wurdt omfieme troch in mei in dwinger fersterke muorre, dy't diel útmakke fan 'e eardere fersterking fan it plak. De dwinger leit allinne noch oan 'e súdkant fan 'e tsjerke. Op guon plakken binne de muorren oant twa meter dik en acht meter heech.

West fan 'e tsjerke stiet op it tsjerkhôf in kriichsmonumint mei de nammen fan 'e ferstoarne soldaten yn 'e Earste- en Twadde Wrâldkriich. In oar monumint stiet yn 'e roazetún súdwest fan 'e tsjerke en betinkt de Frânsk-Dútske kriich fan 1870-1871. Oant healwei de 20e iuw stie dat monumint op it Ingelheimer Marktplatz. Eartiids wie de tagong ta de tsjerke allinne troch de westlike poarte. De eastlike poarte yn 'e warmuorre is pas letter trochbrutsen.

Yn 'e 7e iuw waard op it plak fan 'e hjoeddeiske wartsjerke in kapel boud, nei alle gedachten in filiaaltsjerke fan 'e Sint-Remigiustsjerke fan Nieder-Ingelheim, dy't Karel de Grutte oan 'e kleaster fan Hersfeld oerdroech.

De ommuorre tsjerke.

Yn 'e 12e iuw folge de bou fan in ienskippige romaanske nijbou mei in flak plafond, dêr't hjoed-de-dei allinne de toer fan oerbleaun is. Healwei de 12e iuw waarden de muorren om de tsjerke boud. Sûnt 1051 wie de tsjerke oan 'e hillige Wigbert wijd, patroanhillige fan it kleaster fan Bad Hersfeld. Sûnt 1296 krige it Mainzer domkapittel de patronaatsrjochten. De earste pastoar waard yn 1326 ynset. Sûnt 1400 wie it wenst dat de ynwenners fan Frei-Weinheim mei Peaske yn in prosesje nei de tsjerke rûnen om dêr foar in goede fiskfangst en segen foar harren skippen te bidden.

Konsoles.

Oan it begjin fan 'e 15e iuw waard útein set mei de letgoatyske ferbouwing fan 'e tsjerke. Yn 1404 waard eastlik fan 'e toer in nij koer foltôge. De romaanske foargonger waard foar in grut part troch de nijbou oerboud en bestiet allinne noch foar in part ûnder it hjoeddeiske muorrewurk. Nei it koer waard mei de útbou fan it eastlike skip útein set, dat tsjin 1431 foltôge wie. De noch besteande rûnbôgefinsters oan 'e súdlike kant fan it middenskip ferwize nei it oarspronklike plan fan in basilyk, dat lykwols tsjin 1434 oanpast is yn in tuskenfoarm fan in halletsjerke en in basilyk. It westlike skip waard tusken 1450 en 1462 foltôge. Nikolaus Holzhauser boude in sealtek, dat alle trije skippen oerspand. Yn 1476 folge it beskilderjen fan it ynterieur. Mei it ynsetten fan 'e ramen yn 1485 wie de ferbouwing foltôge. Yn 1576 waard de toer renovearre.

Ek yn 'e reformaasje tiid besiet it Mainzer Domkapittel de patronaatsrjochten, dat ek de eed fan protestantske foargongers ôfnaam. Sûnt 1577 wie de tsjerke it plak dêr't nije karfoarsten fan 'e Palts de gewoanterjochten en privileezjes fan 'e ryksfrijheid Ingelheimer Grund befêstige. Nei't de karfoarst it troch syn foargonger respektearre gewoanterjocht dokumintearre hie, brochten de fertsjintwurdigers fan Ingelheimer Grund de foarst hulde. Yn 1830 fûn dy tradysje foar it lêst plak.

Yn 1674 sloech de bliksem yn 'e klokketoer, dy't fan gefolgen útbaarnde. Allinne de klok út 1384 koe rêden wurde, mar yn 'e 19e iuw soe dy klok by in begraffenis skuorre en dêrmei gie ek de âldste klok fan Rynhessen ferlern.

Yn 'e Tritichjierrige Kriich brûkten Spaanske, Frânske en keizerlike troepen de tsjerke, wêrfoar't de banken der út sloopt waarden. Ek yn 'e Frânske tiid waard de tsjerke skeind en waarden de measte grêfmonuminten fan 'e Ingelheimer eallju fernield.

Sûnt 1690 wie de tsjerke in simultaantsjerke, mar op 29 maart 1707 krigen de katoliken it berjocht dat hja oant 31 maaie dat jier de tiid hiene om harren saken wei te heljen, om 't de tsjerke definityf allinne oan 'e grifformearden tasein waard. It grutste part fan 'e katolike ynrjochting ferdwûn doe en tenei wie it allinne in protestantske tsjerke.

Nei de oerdracht oan 'e grifformearden waard de tsjerke yn 1726 foar it earst renovearre. Yn dy tiid tsjinne de ûnderferdjipping fan 'e toer as argyf foar it Ingelheimer Hege Hôf en waarden dêr akten, gerjochtsprotokollen en prosesboeken bewarre. Ek waarden dêr de oarkondes foar bysûndere ôfspraken mei de ynwenners bewarre.

De tsjerke healwei de 20e iuw

Om de tsjerke fan de oare Ingelheimer protestantske tsjerken te ûnderskieden waard yn 1939 de namme "Burgkirche" ynfierd. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it Marijeraam foar de wissichheid ferwidere. Trije oare ramen dy't efterbleaune gyngen by bombardeminten yn 'e omjouwing fan 'e tsjerke ferlern. Tusken 1950 en 1960 folge in renovaasje, wêrby't ek it Marijefinster werom set waard en de trije ferneatige koerramen ferfongen waarden. By in restauraasje fan 1998-2006 waard de 15e-iuwske beskilderingen yn 'e koerferwulften en de florale motiven yn it tsjerkeskip restaurearre. It ynterieur en it eksterieur krigen doe de oarspronklike 15e-iuwske kleuren werom.

Op it tsjerkhôf stie eartiid in twa ferdjippings tellende Michaelkapel mei twa alters en in bientsjekou. De kapel stie fuort noard fan it hjoeddeiske koer fan 'e tsjerke en waard foar it earst yn 1390 neamd.

Ferwulft koer.

Fan 'e trijeskippige tsjerke hat it middenskip en it koer krúsferwulften en it westlike diel in netferwulft. De romte fan it ynterieur wurdt oerhearske troch letgoatyske ribben en achthoekige, okergiele pylders. Yn it koer ha de ferwulftribben in reade kleur. Der binne in tal tige fraaie slútstiennen te sjen.

In soad fan it oarspronklike ynterieur is yn 'e rin fan 'e tiid ferlern gien. De seis alters binne sûnt de Tritichjierrige Kriich allegear ferdwûn. It hjoeddeiske alter, mei in foarstelling fan it Lêste Nachtmiel, en it doopfont datearje út 1960. De banken, in grut part fan 'e bylden en de goatyske preekstoel út de tiid fan foar de reformaasje binne net mear oanwêzich.

Detail Marijeraam.

Yn it koer mei de grutte maaswurkfinsters is it restaurearre Marijeraam, it iennige midsiuwske raam fan 'e tsjerke. De oare ramen, mei Ald- en Nij-Testamintyske foarstellings, binne fan 1960. Se ferfongen de yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige ramen. Oan 'e noardlike koermuorre is noch in goatysk sakramintshúske út 1488.

Mei de opgong fan 'e Ober-Ingelheimer adel groeide ek it oantal epitafen, dy't hjoed-de-dei op 'e net mear op 'e oarpspronklike plakken, mar yn 'e sydskippen opsteld steane.

Oargel.

It hjoeddeiske barokke oargel stiet op 'e kreake fan it westlike skip en waard yn 1755 troch de bruorren Stumm boud. In oargelbouwer út Waldlaubersheim fergrutte it oargel by in ynterieurrestauraasje yn 1876–1877 mei twa sydfleugels. Yn 1913 fûn der nochris in útwreiding plak en krige it in elektryske wynfoarsjenning. Yn 'e Earste Wrâldkriich moasten de tinnen pipen ôfjûn wurde. Yn 1950 waarden registers útwiksele om de barokke klank fan it oargel wer te rekonstruearjen. De firma Emanuel Kemper ferfong yn 1963 it piipwurk efter de histoaryske oargelkas fan Stumm.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Burgkirche (Ingelheim) (ferzje 30 juny 2024)