Springe nei ynhâld

Broer Doekeles Dykstra

Ut Wikipedy
Broer Doekeles Dykstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Broer Doekeles Dykstra
oare namme B.D. Dykstra
nasjonaliteit Nederlânsk
Amerikaansk
berne 21 novimber 1871
berteplak Penjum (Fryslân)
stoarn 29 maart 1955
stjerplak Orange City (Iowa)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt útjouwer, sjoernalist
aktyf as predikant, ûnderwizer,
dichter, publisist
jierren aktyf ±18911955
reden
  bekendheid
tige aktyf yn 'e Nederlânske
   ymmigrantemienskip
bekendste
  wurk(en)
Ten Eeuwigen Vrede
Geloof en Leven

Broer Doekeles Dykstra (yn Amearika fral bekend as B.D. Dykstra; Penjum, 21 novimber 1871 - Orange City (Iowa), 29 maart 1955) wie in Frysk-Amerikaansk útjouwer, sjoernalist, predikant, ûnderwiisman, dichter en publisist. Hy skreau ferskate boeken, en wie tige aktyf mank de Nederlânske ymmigrantemienskip yn 'e Feriene Steaten.

Dykstra waard yn 1871 berne yn Penjum, as de soan fan Doekele Dykstra (1816-1891) en Beitske van der Schaaf (1840-1928). Hy hie twa bruorren en trije susters: Sarah (1863-1933), Reinder (1868-1941), Simon (1869-1891), Dora (1873-1900) en Agnes (1878-1954). De húshâlding emigrearre yn 1882 nei de Feriene Steaten, en sette him dêr nei wenjen yn in krite fan 'e steat Iowa dêr't in protte Nederlânske ymmigranten har fêstige hiene.

Dykstra ûntjoech him yn Amearika ta in warber pasifist. Ein 19e iuw wied er studint oan 'e Orange City Academy (no it Northwestern College) yn Orange City, in skoalle dy't noch altyd de Dykstra-Muste-Nelson Fredesstúdzjebeurs oanbiedt ta eare fan him, A.J. Muste en Ronald R. Nelson. Yn 1896 studearre er ôf oan it Hope Kolleezje, yn Holland, yn 'e steat Michigan.

Letter runde Dykstra mei syn soannen in lytse útjouwerij, en wied er redakteur fan it ymmigranteblêd de Volkskrant. Dêrnjonken wied er as predikant aktyf yn 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika, en yn dy fermiddens stied er bekend as "de man op 'e fyts". Dykstra skreau sels ek ferskate boeken (yn it Nederlânsk) oer religieuze ûnderwerpen, en teffens publisearre er de dichtbondel Korte Gedichten. Hy gie sels op 'e fyts by de doarren lâns om dy boeken oan 'e man te bringen.

Ferskate soannen fan him waarden letter foaroansteande ûnderwizers en teologen. Sa wie D. Ivan Dykstra heechlearaar filosofy op it Hope Kolleezje, hie Wesley C. Dykstra deselde funksje oan it Alma Kolleezje en waard Vergil Dykstra presidint-direkteur fan 'e George Mason Universiteit. Broer Doekeles Dykstra stoar yn 1955 yn Orange City, doe't er 83 jier âld wie.

Broer Doekeles Dykstra troude op 8 jannewaris 1909 yn Sioux Center mei Nellie Schippers (1890-1975) út Pella, dy't ek fan Nederlânsk (mooglik Frysk) komôf wie. Hja krigen tsien bern:

  • 1937 – Ten Eeuwigen Vrede
  • 1939 – Door Californië per Fiets in 1936
  • 1941 – Geloof en Leven
  • 19?? – Korte Gedichten

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.