Vergil Dykstra
Vergil Dykstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Vergil Homer Dykstra | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1925 | |
berteplak | Harrison (Súd-Dakota) | |
stoarn | 31 desimber 2010 | |
stjerplak | Falls Church (Firginia) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | filosoof, ûnderwiisbestjoerder | |
aktyf as | heechlearaar | |
jierren aktyf | 1949 – 1989 |
Vergil Dykstra (folút: Vergil Homer Dykstra; Harrison (Súd-Dakota), 1925 – Falls Church (Firginia), 31 desimber 2010) wie in Amerikaansk heechlearaar filosofy en ûnderwiisbestjoerder fan etnysk Frysk komôf. Hy wie in soan fan 'e yn Nederlânske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dykstra waard yn 1925 berne yn Harrison, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, as de achtste fan 'e njoggen oerlibjende bern fan 'e útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra (1871-1955) en dy syn frou Nellie Schippers (1890-1975). Hy wie ferneamd nei twa literêre reuzen út 'e Klassike Aldheid: de Romeinske dichter Firgilius en de Aldgrykske skriuwer Homêros. Dykstra groeide op yn Iowa, en tsjinne ûnder de Twadde Wrâldoarloch fan 1943 oant 1946 by de Amerikaanske Marine. Yn 1949 studearre er cum laude ôf oan it Hope Kolleezje yn Holland, yn 'e steat Michigan. Letter behelle er in masterstitel en in doktoraat yn 'e filosofy oan 'e Universiteit fan Wiskonsin te Madison.
Dêrnei joech Dykstra les yn filosofy, etyk en logika oan 'e Universiteit fan Cincinnati yn Cincinnati. Hy wie heechlearaar filosofy oan 'e Universiteit fan Oregon, yn Eugene, en doe oan 'e Universiteit fan Minnesota, yn Minneapolis en St. Paul. Fan 1962 oant 1973 wied er as heechlearaar en fise-presidint-direkteur ferbûn oan 'e Steatsuniversiteit fan New York Binghamton (no de Binghamton Universiteit), yn Vestal. Fan 1973 oant 1977 wie Dykstra presidint-direkteur fan 'e George Mason Universiteit (GMU) yn Fairfax yn Firginia, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Dat wie yn 1972 krekt in selsstannige ûnderwiisynstelling wurden nei de ôfskieding fan 'e Universiteit fan Firginia. Dykstra stie dêr oan it roer yn in tiid fan flugge útwreiding oangeande it tal studinten en stúdzjerjochtings en grutskalige nijbou op it mêd fan 'e ynfrastruktuer.
Nei't er de GMU ferlitten hie, wurke Dykstra fan 1978 oant syn pinsjoen, yn 1989, as fise-presidint-direkteur op it mêd fan bestjoerlike saken oan it Montgomery Kolleezje yn Rockville, yn Marylân. Doe't er offisjeel opholden wie mei wurkjen, bleau er noch aktyf as adviseur fan 'e Amerikaanske Feriening fan Steatskolleezjes en -Universiteiten (AASCU) en it Ynternasjonaal Korps foar Utfierende Tsjinsten (IESC). Dykstra wie twaris troud, earst mei Shirley Leslie, en dêrnei mei Wanda Rappaport, mar beide houliken einigen yn in skieding. Ut syn earste houlik hied er fjouwer bern: Leslie, Kevin, Lynne en Craig; syn twadde houlik bleau sûnder neiteam. By syn dea hied er fierders fiif pakesizzers en ien oerpakesizzer. Dykstra bleau oan op hege jierren yn Fairfax wenjen, mar op 't lêst moast er opnommen wurde yn it Capital Hospice, yn Falls Church. Dêr kaam er op âldjiersdei 2010, yn 'e âlderdom fan 85 jier, te ferstjerren oan 'e gefolgen fan in oerhaal.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |