Springe nei ynhâld

Bonifatiuskapel (Dokkum)

Ut Wikipedy
Bonifatiuskapel fan Dokkum

De Bonifatiuskapel is in kapel yn Dokkum. De kapel is in ûntwerp fan Hendrik Willem Valk. Hy waard boud yn 1934, op de fundaminten fan in net-foltôge ûnwerp fan Valk's learmaster Wolter te Riele. De kapel dy't mids in park leit, is op 6 augustus 1934 ynwijd troch mgr. J.H.G. Jansen, aartsbiskop fan Utert. It alter is doe ek konsekrearre. Hjir is ek de boarne mei in 2,50 meter heech Bonifatiusbyld fan Frânske kalkstien dat makke is troch Gerrit Bolhuis (1907-1975). It byld is yn 1962 ûnthuld troch prinsesse Beatrix.

Troch in trijedielige, rûnbôgige tagongspoarte komt men yn de kapel. Muorren en poarte binne makke fan grutte giele kleastermoppen. Dizze stiennen waarden bakt op it stienfabryk Skinkeskâns yn Ljouwert. It gehiel docht wat romaansk oan. Sa binne de sitplakken krektas yn amfiteaters healrûn. Pylgers kinne sa it oerdekte alter goed sjen. It net oerdekte diel, de ljochthof soarget foar bining mei de natoer by de eugaristyfiering. Boppe de sitplakken rint oer de omtrek fan de kapel in prosesjegong. De skiednis fan Bonifatius wurdt toand oan de muorren middels in bliuwende eksposysje. Tusken de buorden sitte lytse glês-yn-lead-ramen.

Sûnt 2007 is der jierliks in prosesjegong fan de Heechstrjitte nei it Bonifatiuspark.

Om de kapel hinne is in park oanlein. Dêryn steane 14 krúsweistaasjes fan de byldzjend keunstner Jac Maris. Ek hat it park in stânbyld fan Titus Brandsma. Hy wie ien fan de oprjochters fan de Broederschap van de H.H. Bonifatius en Gezellen" en wie aktyf yn it befoarderjen fan de beafeart en it ta stân kommen fan de Bonifatiuskapel. Brandsma wie dejinge dy 't Jac Maris de opdracht joech ta it meitsjen fan de krúsweistaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: