Blu-ray
Blu-ray of blu-ray disc (BD) is in formaat wêrmei't digitale ynformaasje op in optyske skiif opslein wurde kin. It hat de uterlike foarm fan in rûne skiif mei in diameter fan 120 mm en in tsjûkte fan 1,2 mm, dy't oerienkomt mei de ôfmjittings fan cd's en dvd's. Blu-ray waard ûntwurpen om 'e âldere dvd-skiif te ferfangen, en kin ferskate oeren oan fideobylden opslaan mei de resolúsje high-definition (HDTV 720p en 1080p) of ultra high-definition (2160p). It is benammen bedoeld as opslachmedium foar spylfilms en foar fideospultsjes foar PlayStation 3, Playstation 4 en Xbox One.
Technyske bysûnderheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útlêzing fan blu-ray bart troch middel fan in laserljocht mei in weachlingte fan 405 nm, dy't tastiet dat ynformaasje op 'e skiif yn folle gruttere tichtens opslein wurdt as dat op in dvd mooglik is. It ljocht fan 'e laser wurdt blau neamd (dêrfandinne de namme 'blu-ray', "blaustriel"), mar is eins fiolet. Standert-dvd's en cd's brûke in reade laser mei in weachlingte fan 650 nm, resp. 780 nm. Fan gefolgen is der foar it ôfspyljen fan in blu-rayskiif in spesjale blu-raydiscspiler nedich, dy't dan wer gjin dvd's of cd's ôfspylje kin.
'Gewoane' blu-rayskiven befetsje 25 GB per laach, wêrby't it standerttal lagen twa is, sadat op ien skiif 50 GB oan gegevens opslein wurde kinne. Nijere BD-XL-blu-rayskiven kinne ek trije lagen (100 GB) of fjouwer lagen (128 GB) hawwe, mar kinne net útlêzen wurde op 'gewoane' blu-raydiscspilers. High-definitionfideobylden (HD) kinne op blu-rayskiven opslein wurde mei in resolúsje oant 2160p (3840×2160 pixels) en mei oant 60 bylden per sekonde. Dvd's binne beheind ta in maksimale resolúsje fan 480p (NTSC: 720×480 pixels) of 576p (PAL: 720×576 pixels).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Blu-ray waard ûntwikkele troch de Blu-ray Disc Association (BDA), in wurkgroep dêr't makkers fan konsuminte-elektroanika, produsinten fan kompjûter-hardware en filmstudio's yn fertsjintwurdige wiene, wêrûnder inisjatyfnimmer Sony en fierders bedriuwen as Panasonic, Philips, JVC, Samsung, Hewlett-Packard, Dell, Apple, Disney, Warner Bros., 20th Century Fox e.o. It earste prototype fan 'e blu-ray waard yn oktober 2000 troch de Japanske elektroanikagigant Sony presintearre. It earste prototype fan 'e blu-raydiscspiler ferskynde yn april 2003 yn Japan. It formaat waard dêrnei noch oansjenlik fierder ûntwikkele, oant it op 20 juny 2006 offisjeel troch Sony wrâldwiid op 'e merk brocht waard. Dêrmei begûn de high-definitionskiifformaatoarloch, wêrby't de blu-rayskiif it opnaam mei it hd-dvd-formaat. Yn febrewaris 2008 joech Toshiba, it wichtichste bedriuw efter de hd-dvd, de striid op, en ein 2009 brocht dat bedriuw in eigen blu-raydiscspiler op 'e merk. Anno 2019 ûnderfynt blu-ray benammen konkurrinsje fan it oarspronklike dvd-formaat, dat noch altyd in protte brûkt wurdt, en fan video-on-demandtsjinsten op it ynternet, lykas Netflix.
Regiokoades
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Allinnich net-ultra high-definition blu-ray befettet noch regiokodearring sa't dvd dat ek hat, mar dan mei trije oare kodearrings, dy't by dvd's nea foarkomme. Skiven mei in kodearring fan 'e iene regio kinne yn in blu-raydiscspiler út 'e oare regio net ôfspile wurde.
kodearring | regio |
---|---|
A / 1 | Noard-Amearika (útsein Grienlân en oare oerseeske gebietsdielen fan Jeropeeske lannen); Súd-Amearika (útsein oerseeske gebietsdielen fan Jeropeeske lannen); Japan; Noard-Koreä; Súd-Koreä; Taiwan; Hongkong; Makau; Súdeast-Aazje; Oseaanje (útsein Austraalje, Nij-Seelân en oerseeske gebietsdielen fan Austraalje, Nij-Seelân en Jeropeeske lannen) |
B / 2 | Jeropa (útsein Jeropeesk Ruslân, Wyt-Ruslân, de Oekraïne en Moldaavje, mar ynkl. Transkaukaazje en Syprus); Jeropeeske oerseeske gebietsdielen yn Noard- en Súd-Amearika, Afrika en Oseaanje, wêrûnder Grienlân); West-Aazje (d.w.s. it Midden-Easten); Afrika; Australaazje |
C / 3 | Ruslân; Wyt-Ruslân; de Oekraïne; Moldaavje; Sintraal-Aazje; Sina; Mongoalje; Súd-Aazje. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|