Springe nei ynhâld

Blauwjuktsjilling

Ut Wikipedy
blauwjuktsjilling

jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai slobeinen (Spatula)
soarte
Spatula discors
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     stânfûgel


     trekfûgel
     wintergast


De blauwjuktsjilling (Spatula discors) is in fûgel út de famylje einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e lytsere leden út it skaai slobeinen. De fûgel briedt yn Noard-Amearika fan it suden fan Alaska oant Nova Soctia en nei it suden ta oant it noarden fan Teksas. Winterdeis is de fûgel te sjen oan 'e Pasifyske en Atlantyske kusten oant op de Karybyske eilannen en Sintraal-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Blue-winged teal at Sacramento National Wildlife Refuge-5326

De blauwjuktsjilling is 40 sm lang en hat in spanwiidte fan 58 sm en in gewicht fan 370 gr. In folwoeksen jerk hat in griisblauwe kop mei in wite bân yn 'e foarm fan in heale moanne oer it gesicht, in ljochtbrún bealchje mei in wite flek by de stút en in swarte sturt. In folwoeksen wyfke is flekkerich brún en hat by de snaffel in wyt gebiet.

Wyfkes en jerkjes hawwe himelsblauwe dekfearren, grien irisearjende sekundêre slachpinnen en giele poaten. Se ferfearje twaris yn 't jier en yn it earste jier in tredde kear.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet bestiet hast út hiel Noard-Amerika, útsein it westen en noarden fan Alaska en de meast noardlike gebieten fan Kanada. De fûgels binne seldsum yn it droege súdwesten en de westlike kust.

Blauwjuktsjillings briede yn sompen en by dobben fan sintraal en eastlik Alaska en it súdlike diel fan Kanada oant it suden fan Kebek en súdwest Newfoundland. Yn 'e oangrinzgjende Feriene Steaten briedt de fûgel fan it noardeasten fan Kalifornje oant sintraal Louisiana, sintraal Tennessee en de Atalantyske kust. De westlike blauwjuktsjillings briede west fan 'e Appalachen. Guon populaasjes briede oan 'e Atlantyske kust fan New Brunswick oant Pea Island yn North Carolina.

Winterdeis migrearje blauwjuktsjillings yn groepen nei it suden. Guon fûgels fleane dan grutte stikken oer it iepen wetter fan 'e oseaan. Ut en troch komme se as dwaalgast nei Europa en de lêste tiid wurde se alle jierren in Grut-Brittanje en Ierlân waarnommen. Ek yn Nederlân wurde se waarnommen, mar yn 'e regel binne dat ûntsnapte eksimplaren. It oerwinteringsgebiet fan 'e einen leit fan súdlik Kalifornje oant westlik en súdlik Teksas, de Golf fan Meksiko oant de Atlantyske kust, de Kariben en nei it suden oant Sintraal- en Súd-Amearika. Regelmjittich wurdt de fûgel sels noch yn Brazylje en Sintraal-Sily waarnommen.

Nêst en iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pearke blauwjuktsjillings.

Blauwjuktsjillings begjinne tusken healwei april en healwei maaie te brieden, ôfhinklik fan it waar somtiden ek wat letter. It nêst wurdt tusken de fegetaasje op 'e grûn yn in ûndjip kûltsje boud en mei wat gers en dûns ôfset. Der wurde 10 oant 12 aaien lein, mar as se wat letter briede dan bestiet in nêst mar út fiif oant seis aaien. It oantal aaien hinget ek ôf fan 'e âlderdom fan it wyfke; jonge fûgels ha yn 'e regel lytsere nêsten. Nei 21 oant 27 dagen komme de aaien út. Al tolve oeren nei it útkommen fan 'e aaien kinne de einepykjes nei it wetter rinne, mar se fleane pas nei 6 oant 7 wiken.

De einen sykje it iten op 'e dridze, op it fjild of yn ûndjip wetter, dêr't driuwplanten of planten krekt ûnder it wetteroerflak groeie en dat ryk is oan lytse wetterdierkes. Likernôch in fearn fan it iten bestiet út weakdierkes, skaaldierkes en ynsekten.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wrâldpopulaasje wurdt op sa'n 7.800.000 fûgels rûsd en oannommen wurdt dat it oantal tanimt. Dêrnjonken hat de soarte in tige grut ferspriedingsgebiet. De soarte wurdt dêrfandinne troch IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Blue-winged teal