Springe nei ynhâld

De Tachtigers

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Beweging fan Tachtich)

De Beweging van Tachtig of de Tachtigers wiene(n) in literêre beweging fan ± 1880 - ± 1894. De Tachtigers binne foaral wichtich west foar de fernijing yn literatuer en poëzij yn Nederlân. De beweging kin tagelyk as fuortsetting fan en reaksje op de Romantyk beskôge wurde. Har sprekbuis wie it tiidskrift De Nieuwe Gids.

Skaaimerken en ferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Flnr: Willem Witsen, Willem Kloos, Hein Boeken en Maurits van der Valk

Alle 'Tachtigers' wiene berne tusken 1855 en 1865, in nije generaasje dy't him fersette tsjin de moralisearjende dûmnyspoëzij en it 'nuttichheids-prinsipe' fan eardere generaasjes skriuwers en dichters. It gie de Tachtigers inkeld en allinnich om de skientme, keunst om de keunst en 'alleryndividueelste' ekspresje. Dat kaam harren op in soad krytyk te stean, se waarden net begrepen yn 't earstoan. It wie gjin wûnder dat se al gau yn konflikt rekken mei de redaksje fan De Gids en harren eigen blêd De Nieuwe Gids oprjochten. Utsein harren âldens en opfettings oer nije letterkunde hienen de mannen net safolle mienskiplik. Persoanlike konflikten makken dat it yn 1894 dien wie mei de beweging. Herman Gorter ferbûn syn skriuwerij mei de sosjalistyske saak en skeinde dêrmei it l'art pour l'art-kredo fan de Tachigers. Frederik van Eeden bekearde him ta in soart fan utopysk-sosjalisme (kommune Walden!) en waard yn wêzen ek in moralist.

De ynfloed fan de Tachtigers is ûnfoarstelber grut west op de generaasjes skriuwers en dichters oant de Twadde Wrâldkriich ta.

Yn Fryslân is de oprjochter fan de Jongfryske Mienskip, Douwe Kalma (1896 - 1953), foaral yn it begjin, beynfloede troch de Tachtigers, dêr't er syn estetyske- en persoanlike keunstopfetting oan ûntliende. Ek de Fryske klassike dichter Obe Postma stelde belang yn harren wurk. Postma sette Mei fan Gorter oer yn 't Frysk.

Prinsipes fan de Beweging fan Tachtich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1. Estetisisme.
2. l'art pour l'art: Keunst om 'e keunst. All art is quite useless (Oscar Wilde)
3. Yndividualisme: keunst moat de allerindividueelste expressie van de allerindividueelste emotie wêze. (Willem Kloos)
4. Ienheid fan foarm en ynhâld.
5. De waarnimbere wurklikheid as útgongspunt: realisme, naturalisme
6. Orizjinaliteit, it mijen fan klisjees.

Ferneamde Tachtigers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Gerben Colmjon, De Beweging van Tachtig; een cultuurhistorische verkenning in de 19e eeuw, Utert/Antwerpen, 1963.
  • Enno Endt, Het festijn van Tachtig. De vervulling van heel groote dingen scheen nabij, Amsterdam, 1990.
  • Jos J. Gielen, Belangrijke letterkundige werken (III), 2e printinge, Purmerend 1939.
  • Henriette Roland Holst - Herman Gorter (1933), fannijs printe Nymwegen 1975, bevattende: Biografische Aanteekeningen en De schoonheid van Herman Gorter’s poëzie.
  • Martien J.G. de Jong, Honderd jaar later. Essays over schrijvers en geschriften uit de Beweging van Tachtig, Baarn, 1985.
  • H.J.M.F. Lodewick (e.a.), Literatuur (II), 24e printinge, De Bosk 1983.
  • Henny Vrienten, Ik ween om bloemen in de knop gebroken. De Tachtigers, 1e printinge, Amsterdam, 2004.
  • Jan Oosterholt, De bril van Tachtig. Het beeld van de 19-eeuwse Nederlandse dichtkunst, Amsterdam, 2005.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]