Springe nei ynhâld

Jacques Perk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jaques Perk)
Jacques Perk

Jacques Fabrice Herman Perk (10 juny 1859, Doardt - 1 novimber 1881, Amsterdam) wie in bejeftige, jonge Nederlânske dichter, waans sonnettekrâns Mathilde, útjûn troch Willem Kloos, de oanset foarme ta de fernijende Beweging fan Tachtich (of: Tachtigers) yn de Nederlânske literatuer. Hy wie de soan fan dûmny Marie Adrien Perk en de neef fan Betsy Perk, in foaroansteand foarfjochtster fan de rjochten fan de frou. Perks byldzjende natuerlyryk, foaral yn de foarm fan it sonnet, dêr't er ûnder ynfloed fan de Ingelske dichter Shelley grutte fernijings yn tapaste, heart ta it bêste dat op dit mêd yn it Nederlânsk skreaun is en hat in wichtige ynfloed hân op de poëzij fan lettere tiden. Perk stoar al mei 22 jier yn Amsterdam oan in longoandwaning.

Primêre bibliografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1881 - De schim van P.C. Hooft. yn: De Nederlandsche Spectator, 26 maart 1881. Den Haach, Nijhoff.
  • 1881 - Eene Helle- en Hemelvaart. yn: De Nederlandsche Spectator, 3 septimber 1881. Den Haach, Nijhoff.
  • 1881 - Iris. Yn: De Tijdspiegel fan oktober 1881. Amsterdam, Veen.
  • 1882 - Gedichten. Met in Foarrede fan mr. Carel Vosmaer, en in ynlieding fan Willem Kloos. Snits, Pijttersen.
  • 1894 - Nagelaten verzen van Jacques Perk, útjûn troch Willem Kloos. yn: De Nieuwe Gids, jiergong 9. Amsterdam, Versluys.
  • 1941 - Jacques Perks Mathilde-krans, naar de handschriften volledig uitgegeven door G. Stuiveling, trije dielen (wittenskiplike útjefte). Den Haach, Boucher.
  • 1957 - Verzamelde gedichten, naar de handschriften uitgegeven door Garmt Stuiveling. Amsterdam, Arbeiderspers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: