Springe nei ynhâld

Bettina Campbell

Ut Wikipedy
Bettina Campbell
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Bettina
echte nammeElizabeth Jongkind
nasjonaliteit Surinaamsk
Nederlânsk
berne25 maaie 1974
berteplakLelydorp (Suriname)
etnisiteit Surinaamsk-Kreoalsk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf19962003
offisjele webside
gjint

Bettina Campbell, echte namme: Elizabeth Jongkind (Lelydorp (Suriname), 25 maaie 1974), is in rêstend Surinaamsk-Nederlânsk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Surinaamsk-Kreoalsk etnysk komôf. Hja sette yn 1996 útein mei in sânjierrige karriêre yn 'e Jeropeeske en Amerikaanske pornoyndustry, en wurke dêrby gauris ûnder de namme 'Bettina'. Hja wie benammen foar it Sweedske Private-label yn 't spier. Campbell besit in wente yn Nederlân en in twadde hûs yn Parys.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Campbell waard mids 1974 berne yn it plak Lelydorp, yn 'e Surinaamske provinsje Wanika. Doe't hja twa jier âld wie, emigrearren har âlden mei har nei Nederlân ta, dêr't se opgroeide yn Arnhim. Campbell sprekt floeiend Surinaamsk-Kreoalsk, Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Yn 1997, doe't se 23 jier wie, waard se by in audysje yn Parys ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman. Datselde jiers noch makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Campbell ûnder har karriêre yn krapoan fyftich pornofilms, wêrby't se it measte foar de Sweedske Private-studio aktyf wie. Se wurke foar ferskate films gear mei Woodman, wêrfan't de bekenste Tatiana 1 (1997), Fatal Orchid 2 (1998) en Private Life of Bettina (2001) wiene. Dêrnjonken wurke se ek mei oan films dy't útbrocht waarden troch guon oare Jeropeeske pornostudio's, lykas de Italjaanske Mario Salieri Entertainment Group, en teffens wie se by inkele projekten yn 't spier foar Amerikaanske labels as Wicked Pictures en Metro. Yn 2003 loek Campbell har út 'e pornoyndustry werom. By films mei har dy't nei dy tiid útbrocht binne, giet it om kompilaasjes fan âlder materiaal.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bettina Campbell is in negroïde frou mei swart hier en brune eagen. Neffens har offisjele opjefte is se 1.62 m lang, mei in gewicht fan 52 kg. Hja hat kupmaat 36D, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat.

JierFilmStudio
1996Shaved 10Red Board Video
1997Private Castings X 4Private
Private Gold 26: Tatiana 1Private
Private Triple X Files 1: Nicole and MargotPrivate
1998DaydreamerMetro
Private Gold 27: Tatiana 2Private
Private Gold 28: Tatiana 3Private
Private Gold 30: Fatal Orchid 1Private
Private Gold 31: Fatal Orchid 2Private
Private Triple X Files 12: Eat UpPrivate
Private Triple X Files 5: SilviePrivate
Private Triple X Files 8: DungeonPrivate
Secrets of KamasutraPrivate
Wild 'n WetPleasure Productions
1999Moglie ViolataMario Salieri Entertainment Group
My First Time 1Private
Pirate Deluxe 7: London CallingPrivate
Pirate Deluxe 7: London CallingPrivate
Private Castings X 18Private
Private XXX 4Private
Private XXX 5Private
Private XXX 6Private
Uranus Experiment 1Private
Uranus Experiment 2Private
2000GothixIFG
Private Castings X 24Private
Private XXX 9Private
Twelve Strokes to MidnightWicked Pictures
2001DivinaColmax
Leggenda del pirata nero999 Black & Blue Productions
Over Anal-yzedIFG
Private Life of BettinaPrivate
2002Pirate Fetish Machine 7: Fetish TVPrivate
Private Life of Wanda CurtisPrivate
Private Reality 11: SingularityPrivate
When Helen Meets MoniquePleasure Productions
2003Fallen AngelsPrivate
Private Gold 59: Mafia PrincessPrivate
Private Gold 64: Cleopatra 2: the Legend of ErosPrivate
Private Reality 14: Girls of DesirePrivate
2004Ebony DreamsPrivate
Misty Rain's Lost Episodes 2Pure Filth
Private Life of Jessica MayPrivate
Private Life of Sandra IronPrivate
2005Adventures of Pierre Woodman 9: CastingsPrivate
Private Life of Julie SilverPrivate
2007Private Sampler 10Private

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: