Springe nei ynhâld

Berne-iepenloftspul Easterwierrum

Ut Wikipedy
Berne-iepenloftspul Easterwierrum
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Easterwierrum
holden ynsportfjild by MFC De Tysker
tiid fan it jierjuny
bysûnderheden
ôfkoartingBIS Easterwierrum
soarte evenemintiepenloftspul
bestean1997 – no
org. trochStifting Berne Iepenloftspul
offisjele webside
www.berneiepenloftspul.nl

It Berne-iepenloftspul Easterwierrum of koartwei Berne-iepenloftspul (ek wol ôfkoarte ta BIS) is in iepenloftspul opfierd troch bern dat elts jier yn juny yn it Fryske doarp Easterwierrum holden wurdt. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Berne Iepenloftspul. De spilers komme út 'e heechste groepen fan 'e basisskoallen yn Easterwierrum en omlizzende doarpen. Oant en mei 2015 fûnen de opfierings plak yn 'e pastorijtún fan Easterwierrum, mar fan 2016 ôf binne se ferpleatst nei it sportfjild njonken MFC De Tysker, oan 'e Skuorrehôfwei. De foarstellings duorje ornaris omtrint twa oeren, ynkl. in skoft. Yn 2018 waard it iepenloftspul seis kear opfierd op seis ferskillende dagen: twa kear op 'e middei en fjouwer kear op 'e jûn.

Opfierde toanielstikken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toanielstikken dy't opfierd wurde yn it ramt fan it Berne-iepenloftspul Easterwierrum binne faak basearre op literêre wurken en/of films.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: