Bernard Walraad fan Welderen Rengers

Ut Wikipedy

Bernard Walraad fan Welderen baron Rengers (Ysbrechtum, 29 maart 1777 - Ljouwert, 23 septimber 1823) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.

Rengers waard doopt op 2 april 1777 yn de Jakobinertsjerke yn Ljouwert. Hy wie in soan fan Egbert fan Burmania Rengers en Wilhelmina de Beijer. De hûshâlding wenne op Epemastate yn Ysbrechtum.[1] Syn heit, dy't grytman en dykgraaf fan Wymbritseradiel wie, waard yn 1795 (Frânske tiid) ôfset en ferfear nei Ljouwert. Rengers sels gie út Ljouwert wei yn 1796 om rjochtsgeleardheid te studearjen yn Grins. Yn 1798 troude er dêr mei Louise Christina Alberda fan Bloemersma (1778-1855). Sy setten harren nei wenjen op de Epemastate tusken 1806 en 1811. Yn 1814 krige Rengers it predikaat jonkhear en fan 1822 ôf mocht er him baron neame.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rengers waard yn 1806 drost fan de gritenijen Rauwerd en Wymbritseradiel. Dêrnei waard er kertierdrost (1807-1811) en sous-prefekt (1811-1813) fan Snits. Hy wie lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1814-1823) en yn 1815 bûtengewoan lid fan de Steaten-Generaal.[2] Lykas syn heit en pake earder wiene, waard er yn 1816 grytman yn Wymbritseradiel. Yn 1823 waard er yn dit amt opfolge troch syn soan Sjuck.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gemeente Snits - Epemastate, bewenners
  2. Parlement & Politiek