Berjocht oerlis:Ynfoboks fuotballer

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Flaterke yn Ynfoboks[boarne bewurkje]

Dei @FreyaSport:, soe dizze ynfoboks dan net ornearre wêze foar sporters yn it algemien? It soe moai wêze as nasjonaliteit en etnisiteit der ek oan taheakke wurde kin. Gr.Kneppelfreed (oerlis) 28 sep 2021, 21.52 (CEST)[beäntwurdzje]
Goeiemoarn @Kneppelfreed: Ik tink dat de eardere ynfoboks sporter ea brûkt is as basis fan dizze ynfoboks, en dat fergetten is de kop yn it diel dat kopiearre wurde moat oan te passen. It soe yndied moai wêze as de nasjonaliteit en etnisiteit ek taheakke wurde oan dizze ynfoboks. --FreyaSport (oerlis) 29 sep 2021, 08.04 (CEST)[beäntwurdzje]
@FreyaSport en Kneppelfreed: Goeie...nacht. Sa't FreyaSport it hjirboppe seit, sa sil it grif bard wêze, want dat is mysels ek wolris oerkommen as ik in nije ynfoboks oanmeitsje. Ik haw de missende lemma's tafoege en de foutsjes fuortpoetst. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 sep 2021, 02.15 (CEST)[beäntwurdzje]

Noch altyd problemen[boarne bewurkje]

Dizze ynfoboks jout noch altyd problemen, sjoch Chris de Wagt, Carlo de Leeuw‎ en Johan Cruijff.

  1. By Chris de Wagt en Carlo de Leeuw komme de jeugdjierren net te foarskyn: oplost.
  2. Yn it diel fan it berjocht dat je kopiearre moatte steane en namme en bynamme dûbeld ynfierd: oplost.
  3. It diel ûnder it kopke profesjonele feriening(s) steane seizoen, klup en wedstr(goals) rommelig heal njonken inoar yn plak fan kreas njonken inoar: oplost.

FreyaSport (oerlis) 3 mai 2022, 21.21 (CEST) Oplost. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 mai 2022, 21.54 (CEST)[beäntwurdzje]