Chris de Wagt

Ut Wikipedy
Chris de Wagt
persoanlike bysûnderheden
namme Chris de Wagt
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 19 maaie 1985
berteplak Snits
stjerdatum 19 jannewaris 2020
stjerplak Snits
etnisiteit Frysk
klupskiednis
posysje ferdigener
jeugdteams
1997–2005 SC Cambuur
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
2005–2010
2010
SC Cambuur
FC Oss
100 (11)
14 (1)
trainer by
2017–2020 SC It Hearrenfean (jongerein)

Chris de Wagt (Snits, 19 maaie 1985 - dêre, 19 jannewaris 2020) wie in proffuotballer út de provinsje Fryslân.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 23-jierrige Chris de Wagt trochrûn by SK Cambuur Ljouwert de hiele jeugdoplieding en is op it stuit dwaande mei syn tredde jier as basisspiler. Hy foarme yn syn earste jier in hecht duo mei Koen Brack, dêr't er in soad fan opstuts.

De Wagt tekene yn april 2008 in nij kontrakt dat him oant 2010 by Cambuur hâlde sil. Hy einige syn wurkpaad as aktive fuotballer yn 2010 by Top-Oss, wêrnei't er noch fjouwer jier fuotballe yn it earste fan ONS.

Fan it seizoen 2015-2016 ôf oan wie die haadtrainer fan Olyphia mei as assistint Ronny Venema. Ein desimber 2015 ferlingde De Wagt syn kontrakt by Olyphia mei ien seizoen. Yn 2017 waard er op parttimebasis jeugdtrainer by SC It Hearrenfean. Nei in kampioenskip mei it beloftenteam krige er yn 2018 in fulltime oanstelling.

Yn de simmer fan 2018 waard bonkekanker by him fêststeld. Nei in wiidweidige behanneling die ein 2019 bliken dat er útbehannele wie. Yn jannewaris 2020 stoar Chris de Wagt oan de gefolgen fan de sykte. Hy waard 34 jier.

Karrière[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje
2005/06 SK Cambuur Ljouwert 30 3 flagge fan Nederlân Earste difyzje
2006/07 SK Cambuur Ljouwert 34 4 flagge fan Nederlân Earste difyzje
2007/08 SK Cambuur Ljouwert 27 4 flagge fan Nederlân Earste difyzje
2008/09 SK Cambuur Ljouwert 0 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
2009/10 SK Cambuur Ljouwert 11 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
2009/10 Top-Oss 4 0 flagge fan Nederlân Earste difyzje
Totaal 105 11

Bywurke oant en mei febrewaris 2010

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: