Berjocht:Side fan de wike 2021/wike 6

Ut Wikipedy

It Arabysk (Arabysk: اَلْعَرَبِيَّةُ, sekuere transliteraasje: al-‘Arabīyyaẗ, útspr.: [al ʕara'bi:ja], likernôch: "al-ha-ra-bii-ja", Lûdsfragmint beharkje; of koartwei: عَرَبِيّ‎, sekure transliteraasje: ‘Arabīj, útspr.: ['ʕarabi:], likernôch: "ha-ra-bii", Lûdsfragmint beharkje) is in Semityske taal dy't koart nei it begjin fan 'e Westerske jiertelling foar it earst ta ûntwikkeling kaam op it Arabysk Skiereilân, yn 'e foarm fan it Aldarabysk. Dêrút ûntjoech him meitiid it Klassyk Arabysk, de taal fan 'e Koraan, dy't him fan 'e sânde iuw ôf mei de islaam fersprate oer it Midden-Easten en Noard-Afrika. Datselde barde mei it Arabysk-Perzysk skrift, dêr't it Arabysk mei skreaun wurdt. Tsjintwurdich is it Arabysk de of in offisjele taal fan 25 lannen en 1 autonome regio en ien fan 'e seis offisjele talen fan 'e Feriene Naasjes, en genietet it erkenning as regionale taal of as minderheidstaal yn nochris 10 lannen en 1 autonome regio.

De hjoeddeistige Arabyske standerttaal, it Modern Standertarabysk, dat yn hege mjitte op it Klassyk Arabysk basearre is, hat eins gjin memmetaalsprekkers, mar fungearret ynstee as in oanlearde twadde taal en lingua franca foar de hiele Arabyske wrâld. De sprektalen of dialekten dy't mei-inoar it Arabyske dialektkontinuum foarmje, dat alhiel fan 'e Atlantyske Oseaan yn Marokko oant de Arabyske See yn Omaan rint, binne foar in grut part net ûnderling fersteanber, en wurde troch taalkundigen dêrom klassifisearre as de Arabyske talen. Dy hawwe mei-inoar 310 miljoen memmetaalsprekkers en nochris 110 miljoen twadde-taalsprekkers. It Arabysk is dêrmei de op fjouwer nei meast sprutsen taal fan 'e wrâld. As de liturgyske taal fan 1,8 miljard moslims hat it Arabysk ek grutte ynfloed (hân) yn 'e dielen fan 'e islamityske wrâld dy't net troch etnyske Arabieren bewenne wurde. Ek moslims dy't gjin Arabysk sprekke, kinne de Koraan faak wol yn it Arabysk lêze of út 'e holle opsizze.

Lês fierder