Beafearttsjerke fan Wies

Ut Wikipedy
Beafearttsjerke fan Wies
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Beieren
Landkreis Weilheim-Schongau
plak Wies
koördinaten 47° 40' N 10° 54' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Augsburg
patroanhillige Joazef fan Nazareth
Arsjitektuer
arsjitekt Johann Baptist en Dominikus Zimmermann
boustyl rokoko
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
Beafearttsjerke fan Wies (Beieren)
Beafearttsjerke fan Wies

De Tsjerke fan Wies of de Beafeartstsjerke fan 'e gisele Heilân op 'e Greide (Dútsk: Wallfahrtskirche zum Gegeißelten Heiland auf der Wies, koartwei de Wieskirche of de Greidetsjerke) is in beafeartstsjerke yn it Ortsteil Wies fan 'e Beierske gemeente Steingaden, Dútslân. De opfallende yn 1754 foltôge rokoko-tsjerke waard oan Sint-Joazef wijd en is it belangrykste wurk fan de bruoren Johann Baptist en Dominikus Zimmermann.

De tsjerke falt ûnder it bisdom Augsburg en heart ta it UNESCO-wrâlderfgoed.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Genedebyld

De stifting fan 'e tsjerke giet werom op in al sûnt 1739 besteande beafeart. Op it plak waard in byld fan de giseling fan Jezus fereare, dat yn 1730 troch pater Magnus Straub en de muonts Lukas Schweiger yn it kleaster Steingaden makke wie. It byld waard yn 'e jierren 1732–1734 by in prosesje fan it kleaster op Goedfreed meitôge, mar yn 1738 kaam it yn it besit fan in boer, dy't in pear kilometer súdeastlik fan Steingaden op 'e lokaasje fan it hjoeddeiske Wies buorke. Op 14 juny 1738 seach de boerinne Maria Lory yn 'e eagen fan it byld dripkes wetter, dêr't hja triennen yn seach.

Nei it ferhearren fan gebeden en lytsere beafearten nei it byld waard yn 1739 in lytske fjildkapel boud. Yn 1744 waard de tastimming jûn om missen yn 'e kapel op te dragen en dêrmei krigen de beafearten de offisjele segen fan 'e Tsjerke. Tusken 1745 en 1754 bouden de bruorren Johann Baptist en Dominikus Zimmermann ûnder lieding fan abt Marinus II Mayer de hjoeddeiske rokoko-tsjerke. Dominikus Zimmermann bleau oant syn dea yn 1766 yn Wies wenjen.

De tsjerkebou brocht it kleaster Steingaden grutte finansjele swierrichheden om 't de boukosten fan de oarspronklik begrutte 39.000 gûne lang om let mei 180.000 gûne folle heger útfoelen. Tegearre mei oare ferplichtingen betsjutte dat foar it kleaster sa'n grutte lêst, dat it kleaster der oant de sekularisaasje fan 1803 noch fan te lijen hie.

Wrâlderfgoed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1983 ta wrâlderfgoed ferklearre, om 't it 'in masterwurk fan de minsklike skeppingskrêft' is en in 'tsjûge fan in kulturele tradysje of in besteande of ferlerne kultuer' foarsteld.

Tusken 1985 en 1991 waard de tsjerke foar 10,6 miljoen DM restaurearre. Alle jierren bringe mear as in miljoen minsken in besite oan 'e tsjerke. Der wurde regelmjittich konserten fan tsjerkemuzyk jûn.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It oerflak fan 'e romte yn 'e tsjerke hat in elliptyske basis. De grutte finsters soargje foar in soad ljocht yn 'e tsjerke. Foar de bûtenmuorren steane acht dûbele wite pylders mei fergulde kapitelen. Boppe de pylders en it plafond soargje goudkleurige rocaillecartouches foar de ferbining mei it plafond.

Tusken de eastlike dûbele pylders is lofts de kânsel en rjochts de lôzje foar de abt. Tusken de oare dûbele pylders steane fjouwer bylden fan 'e tsjerkfaars (Hieronymus, Ambrosius, Augustinus en Gregoarius de Grutte). De bylden binne it wurk fan 'e Tiroalske byldhouwer Anton Sturm.

It ferwulft is in houten konstruksje dat oan de dakkonstruksje fêst sit. De sintrale beskildering is in trompe l'oeil-fresko fan Jezus op in reinbôge. De fresko's yn it ferwulft fan it koer byldzje wûnders fan Jezus út.

It skilderij yn it heechalter boppe it genedebyld stelt Jezus mei de famylje foar. Dêrfoar stiet in byld fan in pelikaan, it symboal fan de selsopoffering fan Kristus.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De oargelkas giet werom op in sleepladeoargel met 23 registers út 1757 fan Johann Georg Hörterich. Troch de tiid hinne waard dat oargel faak ferboud of fernijd.

It hjoeddeiske ynstrumint datearret fan 2009-2010 en waard troch Claudius Winterhalter út Oberharmersbach nij boud. By dy bou waarden dielen fan it Hörterich-ynstrumint op 'e nij brûkt; fan 'e 2.892 pipen binne 475 pipen noch fan it oarspronklike Hörterich-ynstrumint. It ynstrumint hat 42 registers op twa manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren mechanysk en elektrysk.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wieskirche