Bartoloméustsjerke (Beek)
Bartoloméustsjerke | ||
Lokaasje | ||
Provinsje | Gelderlân | |
Gemeente | Berg en Dal | |
plak | Beek | |
adres | Nieuwe Holleweg 2 | |
koördinaten | 51° 49' N 5° 55' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Bartoloméus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | oarpr. romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35806 | |
Webside | ||
PKN Nimwegen/Landwijk | ||
Kaart | ||
De Bartoloméustsjerke of ek wol de Lytse Bartoloméustsjerke is in tsjerkegebou yn Beek yn 'e provinsje Gelderlân. De tsjerke stiet yn it sintrum fan it doarp foar de grutte, roomske Sint-Bartoloméustsjerke oer. It is de tsjerke fan 'e protestantske gemeente.
De tsjerke wurdt ek in soad brûkt foar spesjale tsjinsten of eksposysjes.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Bartoloméustsjerke waard foar it earst yn 1286 neamd en wie oant de reformaasje in roomske tsjerke. Oarspronklik wie it in romaanske tsjerke en de basis fan 'e toer is ek no noch fan dowestien.
Yn 1602 krigen de protestanten de tsjerke yn 1602 yn hannen, mar yn 1796 mochten yn 'e tiid fan 'e Bataafske Republyk ek de katoliken it gebou wer brûke. De protestanten bleaune lykwols ferantwurdlik foar it ûnderhâld, mar yn 'e 30 jier dat de tsjerke in simultaantsjerke wie, waard der net in soad oan it ûnderhâld dien. De tsjerke waard brekfallich en de protestanten brûkten tenei de kapel yn it oanbuorjende Ubbergen.
Foar de katoliken waard de midsiuwske tsjerke te lyts en yn 'e jierren 1825-1826 bouden hja west dêrfan op in hegere lokaasje in nije, monumintale tsjerke yn 'e styl fan 'e neorenêssânse. Dy tsjerke waard yn 1833 yn gebrûk nommen as de grutte Bartoloméustsjerke. Tagelyk waard ek de lytse Bartoloméustsjerke restaurearre, dy't nei de restauraasje wer op 'e nij troch de protestanten yn gebrûk nommen waard.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skansearre. By de restauraasje dy't folge waard de tsjerke yn 'e oarspronklike foarm fan 1450 werombrocht.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan 'e tsjerke is fan 'e bruorren Van Vulpen en waard yn 1949 boud. It mechanyske sleepladeynstrumint hat fiif registers op ien manuaal.[1] Njonken it haadoargel stiet der in nei fandalisme troch Van Vulpen restaurearre kammenetoargel fan Strümphler út 1805.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Nederlânktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Bartholomeuskerkje (Beek (Berg en Dal)) (ferzje 25 juny 2024
|