Springe nei ynhâld

Sint-Bartoloméustsjerke (Beek)

Ut Wikipedy
Sint-Bartoloméustsjerke
Lokaasje
Provinsje Gelderlân
Gemeente Berg en Dal
plak Beek
adres Kerkberg 1
koördinaten 51° 49' N 5° 55' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom De Bosk
patroanhillige Bartoloméus
Arsjitektuer
boujier 1826, útwreiding 1891-1892
boustyl neorenêssânse
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35784
Webside
www.mariatenhemelopnemingparochie.nl
Kaart
Sint-Bartoloméustsjerke (Gelderlân)
Sint-Bartoloméustsjerke

De Sint-Bartoloméustsjerke of de Grutte Bartoloméustsjerke is in tsjerkegebou yn it sintrum fan it doarp Beek yn 'e provinsje Gelderlân. It monumintale tsjerkegebou waard nei in lange striid foar it iepen hâlden yn 2020 sletten.

De tsjerke is yn 2019 troch in projektûntwikkelder oankocht, mar oant yn 2024 wiene der noch gjin plannen foar it gebou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike tsjerke fan Beek wie oant de reformaasje oan 'e hillige apostel Bartoloméus wijd. Yn 1796 moasten de protestanten de nei de reformaasje protestantske tsjerke wer diele mei de katoliken. De tsjerke waard dêrnei lykwols net mear ûnderholden en yn 1824 moast de tsjerke fanwegen brekfalligens sletten wurde.

Yn 1826 koe mei stipe fan it Ryk útein set wurde mei de bou fan in nije tsjerke, dy't yn 1826 sûnder konsekraasje yn gebrûk nommen waard. Dêrnjonken makke it Ryk it ek mooglik om de âlde Bartoloméustsjerke op te knappen, dy't tenei wer allinne troch de protestantske mienskip brûkt waard en sûnt bekend stie as de "lytse Bartoloméus".

Om 't de nije Bartoloméustsjerke te lyts waard foar de waaksjende katolike parochy, fergrutte de arsjitekt Johannes Kayser de tsjerke yn 'e jierren 1891-1892 ta in fjouwerskippige tsjerke mei in nij dwersskip en in koer. It súdlike sydskip is noch in ûnderdiel fan 'e yn 1826 boude wettersteatstsjerke.

Ynterieur nei de restauraasje fan 'e jierren 1970.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden de trije klokken troch de besetter foardere. Oan 'e ein fan 'e oarloch rekke de tsjerke yn septimber en oktober 1944 troch granaten swier skansearre. Dêrby gyngen ek de brânskildere ramen ferlern. De pastorije mei it tsjerke-argyf gie ek mei de brân ferlern.

De restauraasje fan 'e tsjerke sette yn 1952 útein en de toer krige wer trije klokken werom. Ek waard de fjouwerskippige tsjerke yn in trijeskippich bouwurk feroare. Tusken 1972 en 1977 waard de tsjerke yn it ramt fan in renovaasje mei neobarok meubuliêr út sletten of ôfbrutsen tsjerken oanfolle.

Nei it sluten fan 'e tsjerke binne twa klokken nei it begraafplak brocht, dêr't se yn in klokkestoel hongen waarden. De bylden binne foar in grut part nei de tsjerke yn Millingen brocht.[1]

Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It haadoargel waard yn 1831 troch Hendricus Dominicus Lindsen. Yn 'e Twadde Wrâldkriich wie it binnenwurk fan it oargel opslein, mar de oargelkas gie yn 'e oarloch ferlern. De hjoeddeiske oargelkas is 19e-iuwsk en ferfong by in restauraasje troch Verschueren yn 'e jierren 1970 de oargelkas út de jierren fan 1950. It ynstrumint hat 20 registers, ferdield oer haadwurk, posityf en pedaal.[2]

Sûnt 1962 hie de Sint-Bartoloméustsjerke ek in koeroargel fan 5 registers op ien manuaal en oanhongen pedaal.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Het Rijk van Nijmegen. Oostelijk gedeelte en de Duffelt (1983) – A.G. Schulte side 126

Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Nederlânktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Sint-Bartholomaeuskerk (Beek (Berg en Dal)) (ferzje 25 juny 2024)