Springe nei ynhâld

Balstienliem

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Balstienliemlagen)
Balstienklippen yn Gwynedd, Wales

Balstienliem is in grûnsoarte dy't bestiet út in mjuks fan keien, grind, sân, klaai en liem. Faak wurde yn balstienliem ek swerfkeien fûn. Oarspronklik siet der ek faak kalk yn balstienliem, mar dat is troch gemyske ferwaring hast folslein ferdwûn. Balstienliem wurdt ûnder lâniis ôfset en kin dêrom as in foarm fan till (grûnmoarene) beskôge wurde.

It gewoane balstienliem yn Nederlân is sa'n 150.000 jier lyn ôfset, ûnder it Saalien[1] en is part fan de litostratigrafyske Formaasje fan Drinte.[2] Foaral yn de provinsjee Drinte komt in soad balstienliem ticht ûnder it oerflak foar. Pleatslik is dit liem soms opdreaun troch it lâniis. Foarbylden dêrfan binne Gaasterlân, Vollenhove, de Havelterberch, Skoklân (Noardeastpolder), Urk en op Wieringen en Tessel. Yn de kriten dêr't balstien al bekend wie, waard it ek faak yn boarsel fûn.[3]

Neist it balstienliem út it Saalien is yn in inkelde boaring balstienliem út it Elsterien oantroffen. It waard ûnder oare fûn yn boaring Oostmeep yn de Waadsee op in djipte fan 51,70 meter ûnder de seeboaiem.

Troch eroazje en útspieling kinne stiennen út it liem frij komme. Somtiids ferdwynt sadwaande alle liem en bliuwe allinne de stiennen oer. Yn de see fan it Eemien, de waarme tiid dy't folge op it Saalien, foarmje sokke stiennefjilden it substraat foar oesterbanken. Stiennefjilden út it Saalien binne ek no noch oan it oerflak oanwêzich; bekend binne ûnder oare de Tekselse stiennen en it Van der Lijn-reservaat by Urk.

Om 't keiliem min wetter trochlit, hat dizze grûnsoart benammen in soad ynfloed hân op it Drintske lânskip. Plantewoartels hawwe it dreech om yn de boaiem troch te kringen fanwegen de liemlaach. Pleatslik is de grûn ek tige wiet en dêrtroch waard dêr maklik fean foarme. Under it Nasjonaal Park Dwingelderfjild leit in laach balstienliem fan sawat 8 meter. It grûnwetter docht der sa'n 20 jier oer om dêrtrochhinne te rinnen.

Balstienliem is foar it earst foar dykbou brûkt by de oanlis fan de Koarte Ofslútdyk dêr't de Amstelmar mei ôfsletten waard, en letter ek foar de bou fan de Ofslútdyk en oare diken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wee, M.W. ter, 1983. The Saalian Glaciation in the Netherlands. s. 405-412, In: Ehlers, J. (ed.), Glacial deposits in North-West Europe. Balkema, Rotterdam, 470 s..; ISBN 906191 2237.
  2. Zagwijn, W.H., Staalduinen, C.J. van (eds), 1975. Toelichtingen bij Geologische overzichtskaarten van Nederland. Rijks Geologische Dienst, Haarlim: 134 s.
  3. Wee, M.W. ter, 1976. Blad Sneek (10W, 10O). Toelichtingen bij de Geologische Kaart van Nederland 1:50.000 Rijks Geologische Dienst: 1-130.