Bagband
| Bagband Bakband | ||
| Sicht fan 'e tsjerketoer oer Bagband | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Lânkring | ||
| Gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 392 (21 july 2022)[1] | |
| Oerflak | 13,15 km² | |
| Befolkingsticht. | 30 /km² | |
| Hichte | 6 m | |
| Oar | ||
| Ferkearsieren | 72, 436 | |
| Postkoade | 26629 | |
| Netnûmer | 04946 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 21' N 7° 36' E | |
| Kaart | ||
Bagband (Eastfrysk Plat: Bakband[2]) is in doarp yn 'e Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan it distrikt Auwerk. Der wenje 392 minsken (2022).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste spoaren fan bewenning geane werom nei de jonge stientiid, sa likernôch 3000–2000 foar ús jiertelling. Bagband wurdt foar it earst op skrift neamd op 17 maart 1454 as Bacbande. Wêr't de namme weikomt is net bekend.
It doarp hearde yn 'e midsiuwen ta de Hooge Loogen, in rige doarpen dy't op 'e hegere geastrêch yn it midden fan Eastfryslân lizze.[3] De tsjerke fan Bagband waard yn 'e 13e iuw boud. Oarspronklik hie de tsjerke in klokkestoel mei trije klokken. Dy wie oan 'e ein fan 'e 19e iuw sa boufallich dat dy ôfbrutsen wurde moast. It tsjerkebestjoer hat doe it beslút nommen om in tsjerketoer bouwe te litten. De 50 meter hege tsjerketoer waard yn it jier 1895 oplevere.
Yn Bagband stie fan 1910 oant 1992 ien fan de grutste koöperative molkfabriken yn de fiere omkriten. Yn it leechsteande gebou waard dêrnei in ambachtlike bierbrouwerij fêstige. Fan 1864 oant nei 1950 hie it doarp alle jierren in regionaal wichtige feemerk. Dy is yntusken beheind ta in beskieden evenemint mei doarpsfeest fan regionaal belang.
Ekonomy en ferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eardere suvelfabryk waard yn 1998 ta bierbrouwerij ferboud, dy't op 23 april 1999 de earste gasten wolkom hite koe. Yn 'e brouwerij wurdt donker bier broud, dêrneist is der in restaurant en der wurde rûnliedingen jûn.
It doarp leit oan 'e splitsing fan twa wichtige diken:
- De Bundesstraße 72 is de wichtichste noard-súd ferbiningswei, nei it noarden ta rint de B72 nei Ostgroßefehn en Auwerk en nei it suden ta rint de B72 nei Hesel en Lier.
- De Bundesstraße 436 is de wichtichste west-east ferbiningswei en rint nei Wiesmoor en Sande.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De romaanske tsjerke fan Bagband waard yn 'e mid 13e iuw boud. De hjoeddeistige foarm is dy fan in rjochthoekich langskip. Eartiids wiene der noch guon oanbousels, lykas in apsis en in oerkaping fan de yngongsdoar oan 'e noardmuorre. De klokkestoel mei trije klokken, dy't eartiids noardwestlik fan 'e tsjerke stie, wie oan 'e ein fan 'e 19e iuw sa boufallich dat er net mear brûkt wurde koe. Hy waard ôfbrutsen en ferfongen troch in 50 meter hege tsjerketoer yn neogoatyske styl oan 'e westgevel. Yn 'e tsjerke binne guon byldhouwurken út 'e 15e iuw te sjen, lykas in krusigingsgroep en in strielende madonna. De preekstoel mei de fjouwer evangelisten komt fan 1654. Fierder is der in Eckman-oargel út 1775.
Mûne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne fan Bagband is in achtkante boppekruier út 1812. It mitselwurk bestiet út in achthoeke fan bakte bakstiennen, mitsle in skelpkalkstien. De mûne hat twa mealwurken. Foar it ferfier fan it nôt wurde in transporteur en in troch de wyn oandreaune takel brûkt.
Biggebeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn in bocht fan de B436 tusken Bagband en Strackholt, yn 'e himrik fan bagband, leit de "ferflokke plak" mei de Biggebeam. Foar alletwa doarpen hie de Biggebeam eartiids in gelikense betsjutting as de Upstalbeam foar de Friezen. Skelen tusken doarpen waarden by de Biggebeam besljochte. Op dat plak soe eartiids in iik stien hawwe, dy't troch wjerljocht skeind waard, lykas in generaasje letter de telch fan de Biggebeam. Neffens de leginde woeks dêr in lange tiid neat op 'e ferflokke plak. In letter plante apelbeam waard troch de staorm brutsen en syn fruchten soen nea ryp wurde, sa waard sein. Yn maart 1928 waard in nije wylde apelbeam plante, mar dy rekke twa jier letter fertoarre, sa't der yn maart 1930 fannijs in nijenien plante wurde moast. Dy waard op 16 maart 2002 ferfongen.[4]
Byld fan "Hartog Hinnerk Steen"
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plein njonken de tsjerke stiet in fjildstien fan goed 50sm heech, dêr't de letters "HH" yn úthoud binne. De letters steane foar "Hartog Hinnerk", dêr't hartoch Hindrik fan Breunswyk mei ornearre waard. Dy tinkstien tinkt werom oan 'e belegering fan 'e fêsting Leerort yn 1514. Leerort waard doetiids net allinnich ferdigene troch hierlingen, mar ek troch Eastfryske boeren, lykas de ynwenners fan bagband. Nei't se oan 'e ein fan 'e belegering, feroarsake troch de dea fan hartoch Hindrik, dy't troch in kanûnskûgel rekke waard, nei Bagband weromgien binne, rjochten se de stien op en hakten se de letters dêr yn.[5]
Bierbrouwerij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de eardere suvelfabryk liet de nije eigner fan 1998 ôf de âlde romten foar de molkproduksje ombouwe ta in brouwerijrestaurant mei museum. By it ferbouwen waard ek in bierbrouwerij yn de besteande gebouwen ynrjochte. Op 23 april waard de Ostfriesen Bräu iepene.[6]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Großefehn | ||
|---|---|---|
| Haadplak: Ostgroßefehn | ||
| Doarpen: Akelsbarg • Aurich-Oldendorf • Bagband • Felde • Fiebing • Holtrop • Mittegroßefehn • Spetzerfehn • Strackholt • Timmel • Ulbargen • Westgroßefehn • Wrisse | ||
