Springe nei ynhâld

Ostgroßefehn

Ut Wikipedy
Ostgroßefehn
Oostgrootfeen
Tsjerke fan Ostgroßefehn
Tsjerke fan Ostgroßefehn
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Auwerk
Gemeente Großefehn
Sifers
Ynwennertal3.788 (21 july 2022)
Oerflak9,3 km²
Befolkingsticht.407 /km²
Hichte4 m
Oar
Postkoade26629
Netnûmer04943, 04944
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 24' N 7° 33' E
Kaart
Ostgroßefehn (East-Fryslân)
Ostgroßefehn

Ostgroßefehn (Eastfrysk Plat: Oostgrootfeen) is in doarp yn 'e Eastfryske gemeente Großefehn yn it súdeasten fan it distrikt Auwerk. Yn Ostgroßefehn stiet it gemeentehûs fan Großefehn. Westlik fan Ostgroßefehn leit de B72 dy't Hesel mei Auwerk ferbynt. It doarp is de jongste delsetting yn 'e gemeente.

Ostgroßefehn hat 3.788 ynwenners (2022) en is dêrmei it grutste plak fan 'e gemeente.

Om 1790 hinne setten de earste minsken har nei wenjen. Wiken, sa't dy by oare feanterijen ornaris oanlein waarden, waarden yn Ostgroßefehn pas let oanlein. Om 1885 waard úteinset mei it oanlizzen fan de Rolofswieke, om 1890 mei de Westerwieke, om 1895 mei de Louisenwieke en yn 1933/34 mei de Stelzenwieke.

Tusken 1828 en 1882 hie it doarp in eigen glêsfabryk. Der waarden blompotten, bekers en flessen foar apoteken, sliterijen, bierbrouwerijen en kroegen makke. Normale ruten waarden der ek makke. Doe't oan 'e ein fan de 19e iuw de wiken oanlein waarden, begûn de feankoloanje te groeien.

Yn it jier 1835 waard it 200-jierige jubileum fan Großefehn fierd. Oan it haadkanaal waard in ierden heuvel makke, dy't hjoed-de-dei noch hieltyd it heechste punt fan de gemeente is. Yn 1895 krige it doarp in eigen evangelysk-luterske tsjerke, de Opstanningstsjerke, dy't yn neogoatyske styl boud waard.

Op 1 july 1972 waard Ostgroßefehn opnommen yn 'e nije gemeente Großefehn.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Großefehn
Haadplak: Ostgroßefehn
Doarpen: AkelsbargAurich-OldendorfBagbandFeldeFiebingHoltropMittegroßefehnSpetzerfehnStrackholtTimmelUlbargenWestgroßefehnWrisse
· · Berjocht bewurkje