Springe nei ynhâld

Bad Kreuznach

Ut Wikipedy
Bad Kreuznach
Brêge oer de Mühlenteich
Brêge oer de Mühlenteich
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
Sifers
Ynwennertal 51.695 (2021)
Oerflak 55,56 km²
Befolkingsticht. 930 ynw./km²
Hichte 104 m
Oar
Postkoade 55543, 55545, 55583
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 49° 50'N 7° 51'E
Offisjele webside
bad-kreuznach.de
Kaart
Bad Kreuznach (Rynlân-Palts)
Bad Kreuznach

Bad Kreuznach (oant 1924 Kreuznach) is de haadstêd fan 'e lânkring mei deselde namme yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De stêd is yn in krite fan sa'n 150.000 ynwenners it bestjoerlike, kulturele en ekonomyske sintrum. Tagelyk is de stêd ek it bestjoerlike sintrum fan 'e ferbânsgemeente Bad Kreuznach, mar as selstannige gemeente heart Bad Kreuznach dêr net sels by.

Bad Kreuznach bestiet út de folgjende stedsdielen (Ortsbezirke): Bosenheim, Ippesheim, Planig en Winzenheim en sûnt 1 july 2014 ek Bad Münster am Stein-Ebernburg.

Yn de Römerhalle binne de resten fan in Romeinske villa en oare Romeinske fynsten te sjen.

It stedsgebiet waard yn 'e 5e iuw f. Kr. al bewenne fan Kelten en om 58 f. Kr. namen de Romeinen it gebiet oer. Nei it ferfal fan it Romeinske Ryk wie Kreuznach yn 500 n. Kr. in keningshôf en in ryksdoarp yn it Frankyske Ryk. De earste tsjerke waard boud, dy't oan Martinus wijd waard. Net wis is wêr't dy tsjerke krekt stien hat.

Sûnt 1247 hie Kreuznach stedsmuorren. De muorren hiene trije poarten: de noardlike Kilianstor (ôfbrutsen yn 1877), de súdeastlike Hackenheimer Tor (yn 1860 ôfbrutsen) en yn it súden oan it ein fan de Rossstraße it foar de feiligens faak tichtmitsele Sint-Peterpoartsje.

Sweedske troepen falle Bad Kreuznach oan (1632).

De reformaasje waard yn 1517 yn 'e krite ynfierd; de Paulustsjerke waard sûnt dy tiid brûkte foar de protestantske earetsjinst. Yn 'e Tritichjierrige Kriich (1618-1648) telde Kreuznach, mei yn dy tiid sa'n 8.000 ynwenners, noch acht kleasters. De striidzjende partijen wisten de stêd regelmjittich te oermasterjen en yn te nimmen.

Spaanske troepen fan generaal Spinola besetten de stêd yn 1620 en ûnder lieding fan Jezuïten sette de tsjinreformaasje yn 'e regio yn en de katoliken namen fan de kalvinisten it koer fan 'e Paulustsjerke oer foar it fieren fan 'e misse. Wat letter waard it kalvinisme yn Kreuznach ferbean. Dochs bleau der striid om de tsjerke en yn 1652 krigen de kalvinisten de Paulustsjerke werom. De stêd hie yn dy tiid slim te lijen fan it geweld en de befolking rûn tebek nei likernôch 3.500 ynwenners.

Yn 'e Njoggenjierrige Kriich oermasteren op 5 oktober 1688 Frânske troepen ûnder lieding fan maarskalk Louis François, hartoch fan Boufflers, it kastiel de Kauzenburg. De Frânsen ferneatigen it kastiel mei de stedsfortifikaasjes en in grut part fan de stêd. Op 18 oktober 1689 folge it delbaarnen fan 'e tsjerken fan Kreuznach.

Njonken kriichgeweld hie de stêd ek noch alris te lijen fan it geweld fan 'e natoer. Sa soarge in alderheislikste stjalprein op 13 maaie 1725 foar ekstreem heech wetter yn 'e Nahe. 31 minsken, in soad fee ferdronken en in grut tal hûzen waarden ferneatige. Sels dielen fan 'e stedsmuorren sakken yn. De tige kâlde winter en heechwetter fan 1783/1784 soarge op 27 en 28 febrewaris 1784 troch iisgong foar in soad skea oan 'e stêd, wêrby't ek minsken harren libben ferlearen.

Mei de oanlis fan it spoar fan Bingerbrück nei Saarbrücken yn 'e jierren 1858-1860 waard de basis lein foar de yndustrialisaasje fan 'e stêd. It spoar waard lykwols fral oanlein om't Dútslân wer in oarloch mei Frankryk ferwachte en it spoar soe dan ornearre wurde as rûte om te befoarrieden. Ek de jimmeroan sterker wurdende kuerkultuer droech yn 'e 19e iuw by oan 'e ûntwikkeling fan de stêd. Noch foar de Earste Wrâldkriich waard in twadde spoar oanlein, sadat Kreuznach in belangrike ferdieler fan transporten nei it westen waard.

Mei de machtsoername yn 1933 fan 'e nasjonaalsosjalisten kaam der ek in ein oan de joadske mienskip fan 'e stêd. Fan 'e 713 joaden yn 1933 wennen der yn 1939 noch maar 200 yn 'e stêd. Harren bedriuwen, hûzen en de synagoge wiene yn novimber 1938 al fernield en ûnteigene. De yn 1942 noch yn Bad Kreuznach wenjende joaden waarden ynearsten yn it Kolpinghaus ûnderbrocht en op 27 july fan dat jier fan dêr wei nei Theresienstadt deportearre. Ta neitins oan 'e slachtoffers hat de stêd stroffelstiennen lein op 'e plakken dêr't de slachtoffers eartiids wennen. Yn maart 1945 folge de besetting fan it gebiet troch de Amerikanen. Tichteby Bad Kreuznach waard by Bretzenheim ien fan 'e grutte konsintraasjekampen foar de Dútske kriichsfinzenen oanlein, it Feld des Jammers, dêr't tsjintwurdich in ienfâldich monumint de oarloch betinkt. Yn it Lohrwald leit in begraafplak foar de kriichs- en kampslachtoffers.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Salinental.
  • De brêgehûzen út de 15e iuw op de âlde brêge oer de Nahe;
  • de ruïne fan 'e Kauzenburg út 1206;
  • de Sint-Nikolaastsjerke (âldste tsjerke fan Bad Kreuznach);
  • de Paulustsjerke mei de goatyske Pauluskapel (eartiids de grêfkapel fan de greven fan Sponheim);
  • de Crucenia-Thermen mei it Kurhaus (1912–1913).

Bûten it sintrum: Yn it Salinental steane de 9 meter hege gradearwurken mei in totale lingte fan 1.100 meter. It is de grutste ynhalaasje-foarsjenning yn 'e iepenloft fan Europa. De Kelten wisten al út de boarnen sâlt te heljen.

Bad Münster Am Stein

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it stedsdiel Bad Münster Am Stein binne grutte rotsformaasjes oan 'e Nahe te sjen. It stedsdiel telt twa kastielen: Burg Rheingrafenstein en de Ebernburg.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en/of Einzelnachweise, op dizze side.