Springe nei ynhâld

Planig

Ut Wikipedy
Planig
Protestantske tsjerke
Protestantske tsjerke
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
stêd Bad Kreuznach
Stedsyndieling Ortsbezirk
Sifers
Ynwennertal 2.900 (2010) 2900 (2010)
Hichte 105 m
Oar
Postkoade 55545
Koördinaten 49° 51'N 7° 54'E
Kaart
Planig (Rynlân-Palts)
Planig

Planig is in Ortsbezirk fan 'e stêd Bad Kreuznach yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

It plak leit oan 'e eastlike râne fan Bad Kreuznach oan 'e Appelbach en de foet fan it Rynhessyske heuvellân. Om it plak lizze ikkerfjilden en oan 'e heuvels yn it súdeasten wynbergen. Yn it wêst rjochting Bad Kreuznach leit in yndustryterrein.

Yn 'e midsiuwen ûntwikkele Planig him om 'e hjoeddeiske protestantske Opstanningstsjerke. It oarspronklik romaanske bouwurk datearret út de 12e iuw. Dêr is it ûnderste diel fan 'e toer noch fan bewarre bleaun. Yn 1492 waard it skip fan 'e tsjerke ferboud en yn 1507 folge de bou fan in nij goatysk koer. Sûnt de reformaasje yn 'e 16e iuw wie der in soad tsierderij tusken de protestanten en roomsen oer it gebrûk fan 'e tsjerke. Mei de nijbou fan 'e katolike Sint-Gordianus yn 1899 kaam dêr in ein oan. De Gordianustsjerke waard neoromaanske styl boud en yn 1901 ynwijd.

Oant 1969 wie Planig in selsstannige gemeente. Sûnt dat jier is in stedsdiel fan Bad Kreuznach.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Planig fan Wikimedia Commons.