Springe nei ynhâld

Bûnte Earn

Ut Wikipedy
Bûnte Earn
persoanlike bysûnderheden
echte namme Waŋblí Glešká
oare namme Spotted Eagle
nasjonaliteit (Sioux)
berne 1834
berteplak op 'e noardlike Grutte Flakten
   (Feriene Steaten)
stoarn nei 1891
stjerplak yn it Cheyenne River Reservaat
   (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Sâns Arks-Lakota
reden
  bekendheid
focht mei yn 'e
   Slach oan de Little Bighorn

Bûnte Earn (Lakota: Waŋblí Glešká, útspr.: ['wãbli: 'ɡleʃka:], likernôch: "ûangblii glesjkaa"; Ingelske oersetting: Spotted Eagle; op 'e noardlike Grutte Flakten (Feriene Steaten), 1834 – yn it Cheyenne River Reservaat (Súd-Dakota), nei 1891) wie in Yndiaanske kriger en in opperhaad fan 'e Sâns Arks-Lakota dy't yn 1876 meifocht yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Bûnte Earn waard yn 1834 berne yn it noardlike diel fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, mooglik yn 'e Dakota's, Nebraska, Wyoming of Montana. Hy wie in foaroansteande haadman fan 'e Sâns Arks (Itázipčho), in substamme fan 'e Lakota.

Oer him is bekend dat er ûnder de Grutte Sû-Oarloch in groepke Sâns Arks oanfierde dat op 25 en 26 juny 1876 dielnaam oan 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't in grut diel fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer besingele en oan 'e lêste man ta útrûge waard troch in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.

Neitiid sil Bûnte Earn him yn it foarjier fan 1877 mei de measte oare Lakota oerjûn hawwe oan 'e Amerikaanske autoriteiten. Yn 1881 wurdt er neamd yn 'e rantsoenearringsdokumintaasje yn it Standing Rock Yndianereservaat fan Súd-Dakota, dêr't er doe yn mids july fan dat jier lieding joech oan in troep fan 402 persoanen. Tsjin augustus wurdt er lykwols net mear neamd yn 'e rantsoenearringsdokuminten, en it tinken is dat er doe mei in lytsere groep lju ferfearn wie nei it oangrinzgjende Cheyenne River Yndianereservaat, dêr't de measte Sâns Arks har nei wennen setten.

Yn Cheyenne River waard de rantsoenearringsdokumintaasje min byholden, en tusken 1877 en 1886 hielendal net, mar yn 'e útslach fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 1886 wurdt Bûnte Earn yndie neamd as bewenner fan it Cheyenne River Reservaat. By dy gelegenheid joech er syn leeftyd op as 52 jier, wat betsjut dat er omtrint 1834 berne wêze moat. Om't er by de folkstelling fan 1891 noch hieltyd yn it Cheyenner River Reservaat wenne, stiet fêst dat er doe noch libbe. It is ûnbekend wannear't er stoarn is.

Oare persoanen mei deselde namme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It opperhaad Bûnte Earn fan 'e Sâns Arks moat net betize wurde mei ferskate oare Lakota-krigers dy't deselde namme hiene:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: