Augustinus Georg Lycklama à Nijeholt (1794-1828)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Augustinus Georg Lycklama à Nijeholt (Ljouwert, 8 septimber 1794 - Amsterdam, 29 oktober 1828) wie in Nederlânske politikus.

Lycklama à Nijeholt, lid fan de famylje Lycklama à Nijeholt, wie in soan fan Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt (1766-1844) en Elisabeth Helena thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1767-1803). Hy troude yn 1822 mei Hillegonda Wyndels (1800-1852).

Lycklama à Nijeholt studearre rjochten en waard abbekaat en prokureur op It Hearrenfean. Hy waard keazen as lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân (1815-1828) en wie fan 1816 ôf grytman fan Utingeradiel.[1] Hy wenne yn Aldeboarn en ferstoar yn 1828 op 34-jierrige leeftyd yn Amsterdam. As grytman waard hy opfolge troch syn broer Wilco Holdinga Lycklama à Nijeholt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Naamlijst van de Grietmannen, die van 1816 tot 1851 Hoofden van de Gemeenten ten Platten Lande in Friesland zijn Geweest, troch: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1851, side 33}}