Springe nei ynhâld

Armie Field

Ut Wikipedy
Armie Field
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Goddess Armie, Armie JX
echte namme Armie Flores
nasjonaliteit Filipynsk
Amerikaansk
berne 20 novimber 1981
berteplak Cebu (Filipinen)
etnisiteit Sebûaansk
wurkpaad
wurksum as glamourmodel, neakenmodel
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
www.youtube.com/user/armiejx

Armie Field, echte namme: Armie Flores (Cebu, 20 novimber 1981), is in Filipynsk-Amerikaansk glamour- en neakenmodel, dat ek gebrûk makket fan 'e artystenammen Goddess Armie en Armie JX. Hja sette yn 2011 útein mei har karriêre, en stiet benammen bekend om har grutte boarsten.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Armie Field waard yn 1981 berne yn 'e stêd Cebu, op it eilân mei deselde namme, yn 'e súdlike Filipinen. Nei't hja nei de Feriene Steaten ta emigrearre wie, sette hja yn oktober 2011 útein mei in wurkpaad as glamourmodel en neakenmodel. Sûnt hat se benammen foar de webside Actiongirls.com yn 't spier west. Se wurket fral mei de fotograaf Scottie JX, dy't sawol de eigner fan Actiongirls.com, as har ferloofde is.

Behalven mei (neaken)fotoreportaazjes is Field ek tige warber op 'e sosjale media, mei in eigen Facebookside, in fanside en in Facebookgroep foar de meast tawijde fans. Ek hat se in eigen YouTube-kanaal, dêr't se fideo's fan harsels op pleatst. Fierders fersoarget se privee-webcamshows en hat se in eigen bloch. Yn 2013 wie se te sjen yn 'e fideoklip So Dope (They Wanna) fan Tech N9ne.

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Armie Field is fan Aziatysk komôf, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.53 m lang, mei in gewicht fan 48 kg, en kupmaat 34DDD, wêrfoar't se twaris in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat. De lêste wie op 11 juny 2013 yn in priveeklinyk yn it Súdkalifornyske Newport Beach, doe't der ymplantaten fan 1.300 cc by har ynbrocht waarden. Foartiid hie se ymplantaten fan 800 cc. Nettsjinsteande geroften oer mear yngrepen op it mêd fan plastyske sjirurgy hâldt Field fol dat ôfsjoen fan har boarsten alles oan har lichem poer natoer is, gesicht en lippen ynbegrepen. Field hat behalven piercings troch har earlellen ek in nâlpiercing en ferskate tatoeaazjes.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: