Annemieke Verdoorn
Annemieke Verdoorn | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Annemieke Margo Verdoorn | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 8 augustus 1961 | |
berteplak | Rotterdam (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | ![]() | |
jierren aktyf | 1983 – 2008 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Annemieke Verdoorn (folút: Annemieke Margo Verdoorn; Rotterdam, 8 augustus 1961) is in Nederlânsk aktrise, dy't by it grutte publyk bekendheid krige mei har rol as de femme fatale suster Ingrid, yn 'e sikehûssearje Medisch Centrum West. Hja wie yn dy rol op 'e tillefyzje by de TROS te sjen fan 1988 oant 1994.
Earder hie Verdoorn benammen toanielrollen (ek yn musicals), al spile se ek yn films as Les Branchés à Saint-Tropez (1983) en de Grijpstra en De Gier-detektive De Ratelrat (1987) (as seksy motoraginte). Yn 1985 naam se ûnder de skûlnamme Margo mei fiif oare artysten (wêrûnder Ireen Sheer, Malcolm Roberts en Chris Roberts) foar Lúksemboarch diel oan it Eurofyzjesongfestival, mei it ferske Children, Kinder, Enfants, dat op it trettjinde plak einige.
Nei't Medisch Centrum West yn 1994 opholden wie, krige Verdoorn yn 1996 har oare grutte rol, nammentlik dy fan abbekate en direktrise Joyce Couwenberg, yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen. Hja naam dy rol oer fan aktrise Marjolein Keuning, dy't him de twa foargeande jierren spile hie. Yn 2008 beëinige Verdoorn nei tolve jier har dielname oan Onderweg naar Morgen, mei as gefolch dat Joyce Couwenberg út 'e searje skreaun waard. Verdoorn emigrearre neitiid nei Austraalje, dêr't se mei har man Robert Wilson (mei wa't se troud is sûnt 1993) en har soan James (1 novimber 2001) yn Sydney wennet.
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |