Springe nei ynhâld

Andreae (laach)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Andreae)

Andreae (ek Beucker Andreae; Van Bothnia Andreae; Fockema Andreae; Nauta Andreae) is in patrysjersgeslacht dat oarspronklik út Hitsum kaam. De famylje hat syn namme te tankjen oan de foarnamme ''Andries.'' Gadze Andries (1657-1736) studearre oan de Latynske skoalle fan Frjentsjer en latinisearre syn achternamme ta ''Andreae,'' itjinge studinten yn it ferline faak diene. It geslacht Andreae waard ein 19e iuw opnommen yn it Stam- en Wapenboek fan A.A. Vorsterman van Oijen. Yn de 20ste iuw waard de famylje foar it earst yn de tredde edysje fan 1913 opnommen yn it genealogyske neislachwurk Nederland's Patriciaat. Opname folge nochris yn de edysjes: 29, 77, 78 en 79.

Fockema Andrea
Nauta Andrea
  • A.A. VORSTERMAN VAN OIJEN, Stam- en Wapenboek van aanzienlijke Nederlandsche Familiën, Deel I, pp.12-14, Grins, 1885-1890

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: