Springe nei ynhâld

Anneksaasje fan Hawaï

Ut Wikipedy
Op 12 augustus 1898 wurdt de flagge fan 'e Republyk Hawaï by it ‘Iolani Paleis yn Honolulu omleech helle en dy fan 'e Feriene Steaten yn it plak dêrfan hyst.

In anneksaasje fan Hawaï wie de anneksaasje fan 'e Republyk Hawaï troch de Feriene Steaten yn 1898. Dat barde troch it oannimmen fan 'e Newlands-resolúsje (Ingelsk: Newlands Resolution) troch it Amerikaanske Kongres. De Hawaï-eilannen waarden dêrtroch omfoarme ta in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten: it Territoarium Hawaï.

De Hawaï-eilannen hiene fan 1795 ôf it Keninkryk Hawaï foarme. Geandewei de njoggentjinde iuw kaam dat lân wat langer wat mear ûnder ynfloed fan 'e Feriene Steaten te stean. Yn dy tiid waarden der op 'e eilannen grutte sûkerreidplantaazjes oanlein, dy't eigendom wiene fan blanke (almeast Amerikaanske) plantaazje-eigners en bewurke waarden troch lânseigen en útlânske fjildarbeiders, mei as gefolch dat der in rike blanke elite ûntstie. Hoewol't de Feriene Steaten yn 1842 de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Hawaï erkend hiene, en de beide lannen diplomatike relaasjes ûnderholden, waard it lânseigen bestjoer fan Hawaï troch Amerikanen net foar fol oansjoen.

Doe't keninginne Lili‘uokalani yn 1893 plannen oankundige foar in nije grûnwet dy't de macht fan 'e blanke elite beheine soe, wie dat foar dyselden oanlieding om by in steatsgreep sels de macht op Hawaï oer te nimmen. Mei militêre stipe fan 'e Feriene Steaten waard Lili‘uokalani begjin 1893 ôfset troch in klyk fan blanke plantaazje-eigners ûnder lieding fan Lorrin A. Thurston. Neitiid waard it Provisjoneel Regear fan Hawaï ynsteld, wylst de plantaazje-eigners de oerheid fan 'e Feriene Steaten safier besochten te krijen dat dy de Hawaï-eilannen anneksearje woe. Dat slagge doe net om't de anty-ymperialistyske Amerikaanske presidint Grover Cleveland dêr neat fan witte woe.

Linkendewei waard dêrom yn july 1894 de Republyk Hawaï útroppen, mei Sanford B. Dole as earste (en iennichste) presidint. Wylst de lânseigen Hawaïanen ûnderdrukt waarden, holden de nije blanke machthawwers oan mei harren plannen foar de anneksaasje fan Hawaï troch de Feriene Steaten. Doe't yn april 1898 de Spaansk-Amerikaanske Oarloch útbriek, wêryn't de Amerikaanske Marine oanfallen útfiere moast yn 'e Filipinen en op Gûam, dat Spaanske koloanjes wiene, waard de fêstiging fan in marinebasis yn Hawaï in saak fan lânsbelang.

Nettsjinsteande alle eardere betsjûgings fan freonskip troch de Amerikanen oan it adres fan 'e Hawaïanen ûndertekene de Amerikaanske presidint William McKinley yn 1898 in foarstel ta anneksaasje fan Hawaï. Troch de tsjin 'e anneksaasje agearjende Kū‘ē-petysjes, dy't troch 21.000 Hawaïanen ûndertekene wiene, stimde de Amerikaanske Senaat lykwols net yn mei it anneksaasjeferdrach. Om't it hoe dan ek trochgean moast, waard de anneksaasje doe útfierd troch in mienskiplike resolúsje fan beide keamers fan it Amerikaanske Kongres, wêrby't de tsjinstimmers yn 'e Senaat oerstimd waarden troch de foarstimmers yn it Hûs fan Offurdigen.

Dy mienskiplike resolúsje waard de Newlands-resolúsje neamd, nei it Demokratyske kongreslid Francis G. Newlands út Nevada. De resolúsje hie in ferrifeljende tekst, wêryn't steld waard dat de mearderheid fan 'e Hawaïaanske befolking om 'e anneksaasje frege hie. Doe't de resolúsje op 4 july 1898 goedkard waard troch in mienskiplike sitting fan it Kongres, krige er dêrtroch wetlike krêft. De wet waard op 7 july 1898 ûndertekene troch presidint McKinley, wêrmei't de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntnadere waard. Op 12 augustus, doe't de nije wet formeel fan krêft waard, fûn der by it foarhinne keninklike ‘Iolani Paleis yn 'e Hawaïaanske haadstêd Honolulu in seremoanje plak wêrby't de flagge fan Hawaï delhelle en de Stars and Stripes hyst waard.

Oer de status fan Hawaï wie yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington D.C. witwat te dwaan, om't in protte kongresleden bang wiene dat it takennen fan 'e status fan organisearre territoarium úteinlik liede soe ta it opnimmen fan it gebiet yn 'e Feriene Steaten as in folweardige Amerikaanske steat, wylst it in "net-blanke" mearderheid fan 'e befolking hie. Soks wie doedestiden fral foar politisy út it rasistyske Amerikaanske Suden ûnbesprekber.

Der waard dêrom in fiifkoppige kommisje ynsteld om ûndersyk te dwaan. Dy kommisje bestie út fjouwer leden fan 'e Republikeinske Partij (senator Shelby M. Cullom út Illinois, ôffurdige Robert R. Hitt út Illinois, âld-presidint fan Hawaï Sanford B. Dole en opperrjochter fan Hawaï Walter F. Frear), en ien lid fan 'e Demokratyske Partij (senator John T. Morgan út Alabama). It rapport fan 'e kommisje lokke yn it Amerikaanske Kongres in debat út dat mear as in jier duorre, en pas yn 1900 gie it Kongres mei weromwurkjende krêft akkoart mei Hawaï as in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten: it Territoarium Hawaï. Presidint McKinley ûndertekene de Hawaïaanske Organyske Wet dy't de juridyske wederwarichheden regele, en de eardere Hawaïaanske presidint Sanford B. Dole waard oansteld as territoriaal gûverneur.

Yn 1993, hûndert jier nei dato, naam it Amerikaanske Kongres de saneamde Untskuldigingsresolúsje oan, wêryn't ekskús makke waard foar de rol dy't de Feriene Steaten spile hiene yn it ûnder fuotten heljen fan 'e Hawaïaanske monargy en ûnôfhinklikheid.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.