Springe nei ynhâld

Amerikaansk Hynder de Jongere

Ut Wikipedy
Amerikaansk Hynder de Jongere
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wašíčuŋ Tȟašúŋke
oare namme American Horse
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1840
berteplak Black Hills (Súd-Dakota)
stoarn 16 desimber 1908
stjerplak Kyle (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de Oglala
jierren aktyf 18761908

Amerikaansk Hynder (Lakota: Wašíčuŋ Tȟašúŋke, útspr.: [wa'ʃi:ʧũ tˣa'ʃũ:ke]; Ingelske oersetting: American Horse; yn 'e Black Hills (Súd-Dakota), 1840Kyle (Súd-Dakota), 16 desimber 1908) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Om betizing mei in oare Amerikaansk Hynder foar te kommen, wurdt er yn 'e regel betitele as Amerikaansk Hynder de Jongere (in gebrûk dêr't de Amerikaanske histoarikus George E. Hyde mei úteinset is). Hy wie in foarstanner fan freedsume relaasjes mei de Amerikanen en kante him tige oan tsjin 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de geastedûnsbeweging yn 't lêst fan 'e 1880-er jierren. Hy naam as ferkenner tsjinst yn it Amerikaanske leger en makke letter in skoft diel út fan Buffalo Bill syn wyldwestshow. Op hegere jierren ûntjoech er him ta steatsman en sette er him yn foar ûnderwiis foar de Lakota-jongerein.

Amerikaansk Hynder de Jongere waard berne yn 1840, en syn bertenaam wie Utboarte (Manišní). Hy wie in soan fan Sittende Bear, it opperhaad fan 'e Wiere Oglala, ien fan 'e sân tradisjonele troepen fan 'e Oglala-Lakota. Sittende Bear kaam te sneuveljen doe't Amerikaansk Hynder noch hiel jong wie, dat hy waard grutbrocht troch in omke fan sines. As in jonge kriger focht Amerikaansk Hynder mei by wapene konflikten mei de Krieën (Crow) en de Sjosjoanen (Shoshone). Yn 'e iere 1870-er jierren joech er him by de troep fan opperhaad Reade Wolk, mei waans dochter oft er troude.

Koarte tiid letter naam er as ferkenner tsjinst yn it Amerikaansk leger, dêr't er by it 4de Kavaleryrezjimint yndield waard. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 wied er in trou freon fan 'e blanken en in grut tsjinstanner fan opperhaden as Sittende Bolle en Mâl Hynder, dy't foar de frijheid fan 'e Lakota fochten. Op 31 augustus fan dat jier holp er mei om in Lakota-kriger dy't fan Sû Jim (Sioux Jim) neamd waard, op te pakken, mar Sû Jim fersette him, en Amerikaansk Hynder skeat him dea. Nei't yn 'e Slach by Slim Buttes, op 9 septimber fan dat jier, it opperhaad Amerikaansk Hynder de Aldere, in fûleindich oanhinger fan Mâl Hynder, omkommen wie, naam Amerikaansk Hynder de Jongere dy syn namme oan. Yn 1877, nei't Mâl Hynder him oerjûn hie, wie Amerikaansk Hynder belutsen by it stokeljen fan 'e âlde opperhaden tusken Mâl Hynder en de Amerikanen.

Amerikaansk Hynder de Jongere as lid fan 'e Wyldwest-show fan Buffalo Bill Cody.

Nei't de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 foar de Yndianen op in nederlaach útrûn wie, ûntjoech Amerikaansk Hynder him ta de wurdfierder en ien fan 'e lieders fan 'e saneamde "progressive" faksje – d.w.s. de Yndianen dy't har dellizze woene by de sitewaasje en sa gau mooglik de kultuer fan 'e blanken oannimme woene. Hy late of makke diel út fan ferskate Lakota-delegaasjes nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., en fertolke ûnder syn folk op wolsprekkende wize de stânpunten fan it Amerikaanske regear. Yn 1886 en 1887 makke er diel út fan 'e wyldwestshow fan William Frederick Cody, better bekend as Buffalo Bill. Dêrmei stiek er sels de Atlantyske Oseaan oer om yn maart 1887 yn Ingelân op te treden foar de Britske keninginne Fiktoaria.

Werom yn 'e Feriene Steaten sette Amerikaansk Hynder him o sa yn foar ûnderwiis foar Lakota-bern. Hy wie ien fan 'e earsten dy't deryn tastimde om syn bern nei de Carlisle Indian Industrial School, yn Carlisle, yn it fiere Pennsylvania te stjoeren. Dat wie in ynternaat foar Yndiaanske bern dat bestie tusken 1879 en 1918. De bern krigen dêr ûnderrjocht, sa't sein waard, "yn in Eastlik fermidden fan dat frij wie fan 'e anty-Yndiaanske foaroardielen fan it Westen" (as bestiene dy yn it Easten net) "en ek frij fan 'e ynfloed fan lânseigen kultueren", krekt as wie dat in goed ding. Hjoed de dei wurdt it ûntnaderjen fan 'e eigen taal, kultuer en godstsjinst oan warleaze bern as ien fan 'e slimste misdieden fan 'e Feriene Steaten tsjin 'e Yndianen beskôge, mar doe miende men dat "Yndiaanske bern dy't ûnderdompele waarden yn 'e blanke kultuer feardichheden leare soene om foarút te kommen yn 'e maatskippij."

Doe't oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren de geastedûnsbeweging opkaam, in nije synkretistyske godstsjinst dy't it kristendom mei de lânseigen natoerreligyen fan 'e Yndianen fermong, kante Amerikaansk Hynder him dêr skerp tsjin oan. De hollen waarden dêrby op in stuit sa hjit, dat syn freonen foar syn libben frezen. Ek nei it Bloedbad fan Wounded Knee bleau Amerikaansk Hynder in freon fan 'e Amerikanen. Njonken syn politike belutsenens wied er ek in histoarikus, dy't in eigen wintertelling (sa't kroniken of annalen by de Lakota neamd wurde) byhold. Amerikaansk Hynder stoar úteinlik in natuerlike dea op 16 desimber 1908, yn syn hûs te Kyle, yn it Pine Ridge Yndianereservaat fan Súd-Dakota.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.