Springe nei ynhâld

Amearika (kontinint)

Ut Wikipedy
Lokaasje fan Amearika.
Topografyske kaart fan Amearika.
Kaart dy't sjen lit yn wat tiidrek de lannen harren ûnôfhinklikheid krigen. Swarte lannen binne net selsstannich.

Amearika is in lânmassa op it westlik healrûn dat eastlik fan de Grutte Oseaan en westlik fan de Atlantyske Oseaan leit. Amearika wurdt oer it algemien ferdield yn Noard-Amearika en Súd-Amearika, mar der besteane ek oare yndielings, bygelyks Noard-Amearika, Midden-Amearika en Súd-Amearika.

De namme Amearika is ôflaat fan de Italjaanske ûntdekkingsreizger Amerigo Vespucci (1454-1512). In wrâldkaart dy’t yn 1507 troch Martin Waldseemüller publisearre waard wie de earst bekende publikaasje dêr't de namme yn brûkt waard.

Yn de measte talen wurde mei de termen Amearika en Amerikanen faak allinnich de Feriene Steaten fan Amearika en harren ynwenners bedoeld. Noard- en Súd-Amearika hawwe tegearre likernôch 1.091.000.000 ynwenners.

Status as wrâlddiel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De klassifikaasje fan Amearika as ien inkel wrâlddiel yn stee fan meardere kontininten wurdt net algemien akseptearre. Tradisjoneel wurde yn de Ingelsktalige lannen, as ek yn Nederlân, Noard- en Súd-Amearika beskôge as twa kontininten dy’t skieden wurde troch it Panamakanaal. Yn in soad oare lannen wurdt Amearika al as ien kontinint sjoen. Fan de fiif ringen fan de Olympyske flagge dy’t de fiif parten fan de wrâld fertsjintwurdigje, wurdt Amearika troch in inkele ring symbolisearre.

Yn Jeropa wurdt Amearika ek wol oantsjutten mei de Nije Wrâld. Under Yndiaanske aktivisten is sûnt in pear jier de term Abya Yala yn it gebrûk as oare namme foar it Amearikaanske kontinint. It westlik healrûn wurdt ek wol as synonym brûkt foar it Amearikaanske wrâlddiel, alhoewol’t lytse parten fan Afrika en Jeropa ek op it westlik healrûn lizze.

Lannen en gebieten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soevereine steaten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne 35 soevereine steaten yn de Amearika's, 23 yn Noard-Amearika aen 12 in Súd-Amearika:

Oerseeske gebieten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]