Alexander van Voss

Ut Wikipedy
Heerma van Voss tusken troch de Dútsers foardere klokken

Alexander Lodewijk Heerma van Voss (Leur (Noard-Brabân), 16 maaie 1894 - Ljouwert, 24 juny 1948) wie ryskargivaris.

Alexander wie in soan fan in sûkerfabrykeigner yn Leur. Hy gie nei it gymnasium yn Breda. Studearre rjochten yn Utert, promovearre dêr yn 1921 en folge doe in jier de argyfskoalle yn De Haach. Hy rekke dêr befreone mei de histoarikus prof. Fruin.

Sûnt 1923 op it Ryksargyf fan Ljouwert as kommys-sjartermaster, fan 1938 - 1948 rykskargivaris, as opfolger fan Dr. S.A. Waller Zeper. Wurke jierrenlang om tsjinstellings yn Fryslân te oerbrêgjen. Befoardere it wurk fan fakhistoarisy en 'sneupers'; skreau in soad (populêr) histoaryske artikels. Die war foar grêfstienûndersyk, genealogy en heraldyk.

Heerma van Voss kaam te hôf yn Leur.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: