Albert West

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Albert West
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Nationaal Songfestival 1975 - Albert West (bysnien).jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Albert Petrus Enricus
   Gerardus Westelaken
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 2 septimber 1949
berteplak De Bosk (Noard-Brabân)
stoarn 4 juny 2015
stjerplak Tilburch (Noard-Brabân)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
wurkpaad
sjenre popmuzyk
sjongtaal Nederlânsk, Ingelsk,
Dútsk, Spaansk
grutste hit(s) Cha-la-la, I Need You
Give a Little Love
jierren aktyf 19632012
offisjele webside
www.albertwest.nl

Albert West (folút: Albert Petrus Enricus Gerardus Westelaken; De Bosk, 2 septimber 1949Tilburch, 4 juny 2015) wie in Nederlânsk sjonger en muzykprodusint, dy't yn 'e sechstiger jierren syn karriêre begûn as sjonger fan it dûnsorkest The Shuffles. Fanôf 1969 krige er bekendheid as de foaroanman fan dy band. Yn 1973 sette er útein mei in solokarriêre, wêrby't er syn heechtijdagen belibbe yn 'e jierren santich en tachtich. Syn grutste hits wiene Cha-la-la, I Need You, Ginny Come Lately, Don't Leave Me This Summer, Hot Havana Nights en The Way to Amarillo.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

West waard yn 1949 yn 'e Brabânske haadstêd De Bosk berne yn in goedroomsk gesin mei njoggen bern. Nei't er de legere skoalle ôfrûne hie, gied er nei de middelbere skoalle oan 'e St. Angelus ULO yn De Bosk.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei 14 jier sette West útein mei syn karriêre, as sjonger fan it Brabânske dûnsorkest The Shuffles. Meitiid ûntjoech er him ta de foaroanman fan dy groep, dy't yn 1969/1970 syn grutste hit skoarde en lanlike bekendheid krige mei it nûmer Cha-la-la, I Need You, dat njoggentjin wiken lang yn 'e Top 40 stie en syn hiele fierdere libben mei West ferbûn bliuwe soe. In twadde grutte hit wie Bitter Tears, en yn 1971 waarden fiif singles útbrocht, dy't allegear in hit waarden. Suver twa jier lang stiene The Shuffles doedestiden ûnôfbrutsen yn 'e hitlisten.

Yn 1973 ferliet West de groep, naam de artystenamme 'Albert West' oan, en sette útein mei in solokarriêre. Yn maaie fan dat jier waard yn single Ginny Come Lately, in cover fan 'e Amerikaanske sjonger Brian Hyland, in hit yn Nederlân, Dútslân en Eastenryk. Yn dat lêste lân stie it sels in fearnsjier lang op it earste plak. West ferfolge dit súkses mei oare covers fan pop-ballads út 'e jierren sechtich, lykas Tell Laura I Love Her en Put Your Head on My Shoulder.

Yn 1975 die West mei oan it Nasjonaal Songfestival, mei it nûmer Ik Heb Geen Geld voor de Trein (dêr't neitiid in Ingelsktalige ferzje fan kaam mei as titel You and Me). Hy ferlear it lykwols fan Teach-In, mei Ding-a-Dong (dat letter it Eurofyzjesongfestival wûn). Yn 1976 hie West in hit mei Memory of Life, wêrnei't ferskate meagere jierren folgen, oant er yn 1981 mei de single Don't Leave Me This Summer nij súkses behelle. Yn 1984 skoarde er op 'e nij in hit mei it nûmer Hot Havana Nights. Tsjin dy tiid wie West ek aktyf as muzykprodusint, en yn dy hoedanichheid dielde er yn it súkses fan 'e BB Band, mei it nûmer Stille Willie.

Yn 'e twadde helte fan 'e tachtiger jierren wurke West gear fan ferskate Britske en Amerikaanske artysten, wêrûnder Albert Hammond, Helen Shapiro, Tony Christie en Brian Hyland. Yn 1986 hied er in hit mei Give a Little Love. Yn 1988 brocht er it album West and Friends út, dat bekroand waard mei in gouden plaat. Syn 25-jierrich artystejubileum fierde West yn 1989 mei it útbringen fan it album 25 Jaar, dêr't er âlde nûmers op 'e nij op útbrocht. Oan 'e ein fan dat jier presintearre er foar de NCRV in stikmannich tillefyzjeprogramma's. Yn 1993 hied er nei jierren fan drûchte wer in hit mei Mockin' Bird Hill, in nûmer dat yn 'e belangstelling kaam trochdat it brûkt waard foar in reklamespotsje foar in fersekeringsmaatskippij.

Albert West (m.) mei The Shuffles, yn 1970.

Yn 1995 song West op 'e Wrâldjamboree fan 'e paadfinerij it nûmer The Future Starts Today, mei in publyk fan 30.000 jonge paadfiners út 'e hiele wrâld. Fanôf septimber fan dat jier presintearre er foar de TROS it muzykprogramma Op Nieuwe Toeren. Yn 1999 wurke er mei oan in reünykonsert fan The Shuffles op it Gildeplein yn Rosmalen. Yn 'e mande mei de Band Zonder Banaan naam er fierders yn 2003 noch de single Itsy Bitsy Teenie Weenie Yellow Polka Dot Bikini op 'e nij op. Datselde jiers waard er beneamd ta ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau.

Syn lêste hit hie West yn augustus 2005, mei it nûmer The Way to Amarillo, op 'e nij tanksij de publisiteit dy't feroarsaake wie troch in reklamespotsje, diskear ien foar it biermerk Bavaria. Doe't Nederlânske militêren op fredesmisje yn 'e Afgaanske provinsje Uruzgan in ludike fideoklip by dat nûmer makken en dy op YouTube pleatsten, reizge West ôf nei Afganistan op dêr foar de troepen op te treden. Yn 2009 fierde er syn 45-jierrich artystejubileum mei in teätertoernee.

Sykte en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 27 desimber 2012 waard West troffen troch in rêchpiidynfarkt, in tige seldsume sykte, dy't yn Nederlân mar inkele kearen jiers foarkomt. In bloedpropke tusken syn fjirde en fyfde nekwringe feroarsake dêrby ferlammingsferskynsels oan fral de lofterkant fan it lichem fan 'e sjonger, wat in ein makke oan syn karriêre. Neitiid liet West witte "ien brok fjochtlust" te wêzen en wisberet te wêzen om in comeback te meitsjen.

Op 4 juny 2015 kaam de yn Rosmalen wenjende West lykwols yn it sikehûs te Tilburch te ferstjerren, nei't er in wike earder, ûnderweis nei in petear oer it opnimmen fan in nije cd, yn Maren-Kessel op syn refalidaasje-trijetsjiller yn oanriding kommen wie mei in hurdfytster. West hie dêrby harsensletsel oprûn, dat him, nei dagen op 'e intensive care lein te hawwen, fataal wurden wie. Hy waard op 12 juny begroeven nei in massaal bywenne útfeartstsjinst yn 'e Sint-Janskatedraal yn De Bosk.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1973 – The Best of Sharif Dean & Albert West
  • 1973 – Golden Best of Albert West
  • 1973 – Exitos de Oro Con
  • 1974 – More Golden Best of Albert West
  • 1974 – First Album
  • 1975 – Portrait
  • 1975 – Albert West Special
  • 1975 – Story Presenteert: Albert West op Zijn Best
  • 1975 – Golden Country Hits
  • 1976 – My Dear Rose
  • 1976 – Memory of Life
  • 1978 – 20 Greatest Hits
  • 1979 – Hand in Hand
  • 1981 – A Part of Me
  • 1982 – Hollands Glorie
  • 1986 – Albert West
  • 1986 – Hammond & West (mei Albert Hammond)
  • 1988 – West and Friends
  • 1989 – Greatest Hits (1970-1977)
  • 1989 – To Know Him Is to Love Him
  • 1989 – 25 Jaar
  • 1991 – The Very Best of
  • 1991 – Endless Summernights
  • 1993 – Cha La La
  • 1993 – 1968-1993 - 25 Years of Hits
  • 1994 – The Best of
  • 1995 – The Future Starts Today
  • 1996 – Alleen voor Jou
  • 1999 – Albert West 35 Jaar

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1972 – Sunday (mei The Shuffles)
  • 1973 – Gonna Meet My Girl
  • 1973 – Ginny Come Lately
  • 1973 – Tell Laura I Love Her
  • 1973 – Mit einem Kuss
  • 1973 – Sheila
  • 1973 – Put Your Head on My Shoulder
  • 1974 – Just One of Life's Little Tragedies
  • 1974 – It Keeps Right on Hurtin’
  • 1974 – Heimweh nach Gestern Ist Heimweh nach Dir
  • 1974 – Simone
  • 1974 – Malano
  • 1975 – You and Me
  • 1975 – I'm Gonna Knock on Your Door
  • 1975 – For the Good Times
  • 1975 – My Dear Rose
  • 1976 – I Love You, Baby
  • 1976 – Memory of Life
  • 1977 – Listen
  • 1977 – 9.999.999 Tears
  • 1978 – Wheels Turn Pictures
  • 1978 – Broken White Line
  • 1979 – I Think I'm Gonna Love You Again
  • 1979 – Hand in Hand
  • 1980 – Girls and Cadillacs
  • 1980 – Together We'll Rock, Together We'll Roll
  • 1981 – Don't Say You Leave This Summer
  • 1981 – A Voice in the Wilderness
  • 1982 – Love Is Sweeter Than Wine
  • 1982 – Magical
  • 1982 – Danny Boy
  • 1983 – Treat Me Gently in the Morning
  • 1983 – Love Hangs by a Thread
  • 1984 – Hot Havana Nights
  • 1985 – Dance on, Little Girl
  • 1985 – Munich Nights
  • 1985 – Tears
  • 1986 – Give a Little Love (mei Albert Hammond)
  • 1986 – Air Disaster (mei Albert Hammond)
  • 1987 – Secrets of the Night (mei Albert Hammond)
  • 1987 – The Air That I Breath (mei Albert Hammond)
  • 1987 – We Belong Together
  • 1988 – Itsy Bitsy Teenie Weenie Yellow Polka Dot Bikini (mei Brian Hyland)
  • 1988 – The Way to Amarillo (mei Tony Christie)
  • 1989 – There Me Be
  • 1991 – Endless Summernights
  • 1991 – Slow River
  • 1992 – Dancing in the Moonlight
  • 1992 – Cha la la, I Need You
  • 1993 – Mockin' Bird Hill
  • 1995 – The Future Starts Today
  • 1996 – In de Zon
  • 1996 – Voor Jou
  • 1996 – Het Is Tijd
  • 1997 – Ik Ga met Je Mee
  • 1998 – Ay No Digas / I Call Your Name
  • 1999 – Se Va (mei Josine)
  • 2003 – Itsy Bitsy Teenie Weenie Yellow Polka Dot Bikini (mei de Band Zonder Banaan)
  • 2005 – The Way to Amarillo

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.