Albert Gillis von Baumhauer

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Albert Gillis von Baumhauer (It Hearrenfean, 10 oktober 1891Alder (Feriene Steaten), 18 maart 1939) wie in Nederlânsk loftfeartpionier dy't foaral bekend waard fan syn ûntwerp fan de earste Nederlânske helikopter.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjinjierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Van Berkel W-B

Yn 1910 boude Von Baumhauer, doe 19 jier âld, yn'e mande mei de bruorren Six in dûbeldeks sweeffleantúch. Dêrnei boude er in model fan in helikopter mei twa tsjinoersteld draaiende rotors. Yn 1913 yn Frankryk wie de loftdoop, mar it die bliken dat de masine net stabyl genôch wie. Nei't er dêrnei de HBS en de TU Delft trochrûn hie, gie er nei Göttingen (Dútslân) om aerodynamika te studearjen en dêrnei nei de Technyske Hegeskoalle yn Zürich. Dêr moete er Theodor von Kàrmàn en natuer- en wiskundige Ludwig Prandtl. Von Kàrmàn wie ek dwaande west mei it ûntwerpen fan in helikopter.

Yn 1917 gie Von Baumhauer oan't wurk by Spyker en yn 1919 waard er sjef-yngenieur by Van Berkel, dêr't er ferantwurdlik wie foar de ûntwikkeling fan de Van Berkel W-B, in net sa goed slagge wetterfleanmasine foar de MLD. Op 12 maaie fan dat jier troude er mei Hildegonda Johanna Oldenhuis Gratama, mei wa't er op it lêst trije bern krige. Nei it sluten fan de fleantúchôfdieling fan Van Berkel kaam Von Baumhauer yn 1921 yn tsjinst fan de Ryksstúdzjetsjinst foar de Loftfeart.

Helikopter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De helikopter fan Von Baumhauer

Yn 1922 skreau it Britske Loftfeartministearje in priisfraach út foar de bou fan in helikopter, dy't ûnder oaren 100 meter rjocht omheech gean moatte koe, 100 km/o fleane moast en wer feilich lânje kinne moast. De meidoggers hiene der oant 25 maaie 1925 de tiid foar; letter waard it mei in jier ferlinge. Von Baumhauer gong daliks oan'e slach, en skreau him yn 1924 yn. Op 5 novimber 1924 rjochte er yn'e mande mei ien fan de bruorren Six, de Nederlandsche Vereeniging De Earste Hélicoptère op, om de saak te bestuiverjen. Yn april 1925 wie de helikopter ree. By de bou wie Werkspoor belutsen. Testfleander Van Heyst makke op 10 febrewaris 1926 de earste ridlik suksesfolle flecht fan in pear meter. De proefflechten waarden ferpleatst fan Soesterberg nei Skiphol oant 1930 ta. De priisfraach waard yn de tuskentiid ôfsein fanwege in deadlik ûngelok. Op 28 augustus 1930 fleach von Baumhauer it tastel sels de fernieling yn. It jild wie op, dat der kaam gjin ferfolch.

Nettsjinsteande de ûngeunstige ôfrin wie dizze helikopter syn tiid foarút. Von Baumhauer makke by syn ûntwerp nammentlik net gebrûk fan twa tsjininoaryn draaiende haadrotors, yn tsjinstelling ta syn tiidgenoaten. Hy wie ien fan de earsten dy't de saneamde sturtrotor tapaste om de torsy fan it tastel tsjin te gean. Hy wie sels patinthâlder fan dat systeem (De Rus Boris Joeriev wie him foar yn 1912 mei de tapassing fan de sturtrotor). It ûntwerp wie lykwols net perfekt. De sturtrotor waard oandreaun troch in eigen motor en de hoeke dêr’t dy yn draaide koe net yn'e flecht fersteld wurde, wat de bestjoering hast ûnmooglik makke. Letter soe Igor Sikorsky de sturtrotor mei súkses fannijs yntrodusearje.

Loftfearttsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yntusken soe Von Baumhauer him ek talizze op sweeffleanen. Yn 1920 gie er nei Rhön en yn 1931 sweefde er as earste Nederlanner in oere boppe Zandvoort. Yn datselde jier helle er ek syn fleanbrevet foar motorisearre fleanmasines.

Yn 1937 waard Von Baumhauer yngenieur by it Luchtvaartdienst van het ministerie van Waterstaat (Ryksloftearttsjinst). Dêr hie er ûnder mear de taak om nije fleantúchtypes te ynspektearjen en te keuren. Dat wurk betsjutte syn ein op 18 maart 1939. It Stratoliner-prototype fan Boeing dat er, tegearre mei KLM- ûnderdirekteur Guilonard, oan it ynspektearjen wie, stoarte del op Mount Rainier yn de neite fan de buorskip Alder yn de Amerikaanske steat Washington. Neist Von Baumhauer en Guilonard kamen de testfleander Julius Barr, haadyngenieur fan Boeing Earl Ferguson, fiif oare Boeing-meiwurkers en in fertsjintwurdiger fan TWA om hals.

Von Baumhauer hat yn syn wurksum libben foaral dwaande west mei it lizzen fan in wittenskiplike basis oangeande de ûntjouwing fan de loftfeart en de feilichheid dêrfan. Teffens wie Von Baumhauer in ynternasjonalist. Hy hie bygelyks de keunsttaal Esperanto yn'e macht.

Eduard von Baumhauer, syn âldste soan, ferlear it libben yn febrewaris 1941 tagelyk mei syn freon Arnold Cohen doe't se mei in boat besochten om Ingelân te berikken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Vliegtuigbouw in Fokkers schaduw - Harm J. Hazewinkel, útj. Rebo Prod., ISBN 90-366-0348-X
  • Helikopters (searje: Kleine Luchtvaart Encyclopedie) - Kenneth Munson, 1968, útj. Moussault Amsterdam,