Van Berkel W-B
Van Berkel W-B | |
---|---|
Rol | Langeôfstânsferkenner |
Makker | Van Berkel |
Untwerper | Von Baumhauer |
Earste flecht | 3 septimber 1920 |
Yn tsjinst | 1920 |
Ut tsjinst | 1933 |
Tal makke | 7 |
Brûker | Marine Loftfearttsjinst |
Untwikkele út | Hansa-Brandenburg W.29 |
De 'Van Berkel W-B wie in Nederlânsk langeôfstânswetterfleanmasine mei ien motor dy't begjin jierren tweintich boud waard troch Van Berkel's Patint en ornearre wie foar gebrûk yn Nederlânsk-Ynje.
Untwerp en ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't Nederlân neutraal wie yn de Earste Wrâldoarloch ûnderfûn de Nederlânske kriichsmacht swierrichheden by it krijen fan militêre fleantugen út it bûtenlân. Om de problemen fan sawol de Nederlânske Loftfeartgroep (LVA) as de Marine Loftfearttsjinst (MLD) te ferlichtsjen, moedige it Ministearje fan Oarloch yn augustus 1917 bedriuwen lykas de autofabrikant Spyker oan om harren ek dwaande te hâlden mei de fleantúchbou. De iennige oare fabrikant dy't dêr frijwillich oan meidwaan woe, wie Van Berkel's Patint, in bedriuw dat oprjochte wie om fleisferwurkjende masines te meitsjen. It fabryk stie oan de Keileweg 9 yn Rotterdam. Haad fan de fleantúchôfdieling wie R.J. Castendijk en John Kerner wie haad fan de motorôfdieling. Se begûnen mei de bou, ûnder lisinsje, fan it Hansa-Brandenburg W.12 gefjochtsfleantúch as de Van Berkel W-A, wêrnei't de MLD yn 1919 it bedriuw útnûge om in langeôfstâns-ferkenningsfleantúch te ûntwerpen en te bouwen foar gebrûk yn Nederlânsk-Ynje, basearre op de Hansa-Brandenburg W. 29. It resultaat, de Van Berkel W-B, wie yn grutte halen gelyk oan de W. 29 mar dan wol grutter en sterker: de spanwiidte waard mei mear as 40 % fergrutte en it tastel hie in 360 hk ynstee fan in 150 pk motor.
De romp hie in ienfâldige, rjochthoekige trochsneed. De 270 kW (360 hk) Rolls-Royce Eagle VIII mei wetter kuolle V-12 motor wie yn de noas boud mei bleatlizzende sylinders en in lange eksterne útlit oan stjoerboardside fan de romp. Under de noas sieten twa Lamblin radiateurs. De piloat siet yn in iepen cockpit krekt achter de motor en in stikje nei achteren wie in twadde cockpit foar de skutter. De romp bleau djip en heech nei achteren oant de sturt ta, wat mooglik in bytsje rjochtingsstabiliteit bea by gebrek oan in fêste fin. It sturtflak wie boppe op de romp montearre krekt foar de ekstreme sturt mei in net gebrûklik roer, dat sawol boppe as ûnder de romp útstiek. Dat wie ien fan skaaimerken dy't de W-B sichtber ûnderskiede de W.29, waans roer folslein ûnder e boppekant fan de romp lei.
De loftfeartôfdieling fan Van Berkel waard yn juny 1921 sletten en in sivile ferzje fan de W-B, de W-F, waard nea boud.
Operasjonele skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De W-B fleach foar it earst op 3 septimber 1920. Nei it testen, dêr't út bliken die dat oan de spesifikaasjeparameters foldien waard, waarden seis produksjefleantugen oan de Nederlânske Marine Luchtvaartdienst (MLD) levere. De lêste gie yn desimber 1923 nei de marinebasis Priok yn Ynje. De prestaasjes yn operasjonele omstannichheden fan de W-B wiene teloarstellend. It tastel hie minne fleaneigenskippen en de earste fjouwer waarden al yn 1926 út tsjinst helle; de lêste twa bleaune lykwols noch sân jier yn gebrûk.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feiten | |
---|---|
Langte | 11 m |
Spanwiidte | 20 m |
Hichte | 4,30 m |
Oandriuwing | 1 × Rolls-Royce Eagle VIII wetterkuolle V-12, 270 kW (360 hk) |
Topfaasje | 180 km/o (op seenivo) |
Fleanberik | 1600 km (krúsfaasje) |
Maks. fleantiid | 7,5 oeren |
Bemanning | 2 (piloat en observator/skutter) |
Brânstofkapasiteit | 782 l. |
Lading | 950 kg (dêrfan 610 kg brânstof) |
Bewapening | trije masinegewearen |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Van Berkel W-B fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|