Igor Sikorsky
Appearance
Dit artikel is in stobbe oer loftfeart.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Igor Ivanowitsj Sikorsky (Oekraynsk: Ігор Іванович Сікорський, Russysk: Игорь Иванович Сикорский) (Kiëv (de Oekraïne), 25 maaie 1889 - Easton (Konettikut), 26 oktober 1972) wie in Oekraynsk-Amerikaansk loftfeartpionier. Sikorsky hat ferskate wichtige bydragen levere oan de ûntjouwing fan de loftfeart. Hy wie ûnder mear de earste dy't fleanmasines mei fjouwer motors ûntwurp, de Russky Vityaz yn 1913, en it earste linefleantúch, Ilya Muromets yn 1914.
Nei't er nei Amearika emigrearre wie gie er troch mei it bouwen fan fleantugen en krige syn namme klank as pionier fan de helikopteryndustry.
-
De Ilya Muromets mei fjouwer motors
Fleanmasines ûntwurpen troch Sikorsky
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- S-6 – Ferkearsfleantúch foar trije passazjiers, 1912
- S-21 Russky Vityaz - Twadekker mei fjouwer motors, 1913
- S-22 Ilya Muromets - Twadekker mei fjouwer motors, 1913
- S-29 Twadekker mei twa motors, 1924
- S-42 Clipper – Fleanboat, 1934
- VS-300 - Eksperimintele helikopter prototype, 1939
- VS-44 Excambian - fleanboat, 1942
- R-4 De earste produksjehelikopter, 1942
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sikorsky, Igor Ivan. The Message of the Lord's Prayer. New York: C. Scribner's sons, 1942. OCLC 2928920
- Sikorsky, Igor Ivan. The Invisible Encounter. New York: C. Scribner's Sons, 1947. OCLC 1446225
- Sikorsky, Igor Ivan. The Story of the Winged-S: Late Developments and Recent Photographs of the Helicopter, an Autobiography. New York: Dodd, Mead, 1967. OCLC 1396277