Sikorsky Russky Vityaz
Sikorsky Russky Vityaz | |
---|---|
Rol | Passazjiersfleantúch |
Makker | Russo-Balt |
Untwerper | Igor Sikorsky |
Earste flecht | 10 maaie 1913 |
Tal makke | 1 (1913) |
De Sikorsky Russky Vityaz (Russysk: Русский витязь), of de 'Russyske Ridder', wie it earste fleantúch mei fjouwer motors yn de wrâld, ûntwurpen troch Igor Sikorsky en boud yn de Russyske Baltyske Spoarwegenfabryk (Russo-Baltiiskyi Vagonnyi Zavod of R-BVZ) yn Sint-Petersburch yn 1913.
Untjouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sikorsky makke it ûntwerp fan de S-21 yn 1911, doe't net ien bekend fleantúch mear as 600 kg lading hawwe koe. Dat rekord brocht de Frânske piloat Ducis op syn namme oer in ôfstân fan mar 800 m. Doe't it nijs oer de konstruksje fan de Russky Vityaz yn de iere maitiid 1913 kaam, foarseine saakkundigen en de media oeral yn de wrâld dat it projekt folslein mislearje soe. Lykwols wie de earste flecht fan de Russky Vityaz op 10 maaie 1913 in sukses. In protte minsken yn oare parten fan de wrâld beskôgen it as in grap fan de krante en woene net leauwe dat in tastel fan sokke ôfmjittingen ea fan 'e grûn komme koe.
Untwerp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Russky Vityaz wie in twadekker mei fjouwer motors mei boppe- en ûnderfleugels fan ûngelikense lingte. De ôfstân tusken de fleugels wie 2,5 m. De romp wie in rjochthoekige gondel, betimmere mei mulipleks platen. It fleantúch hie in kabine mei dûbelde bestjoering, twa passazjierskabines en in romte foar reserveûnderdielen. Der wie ek in iepen dek foar de cockpit mei in sykljocht en in masinegewear. De ailerons oan de boppefleugel joegen it tastel syn stabiliteit. De earste ferzje mei fjouwer motors, dy't letter bekend wurde soe as de Russky Vityaz, mar doe noch oantsjut waard mei Bolshoi Baltisky, waard oandreaum mei fjouwer motors ynstallearre yn twa tandems (it tastel wie ynearsten ûntwurpen as fleantúch mei twa motors, de "Le Grand"). By de Russky Vityaz waarden de twa triuwmotors fan de Bolshoi Baltisky nei de foarrâne fan de ûnderste fleugel ferpleatst en waarden sadwaande mei in lûkpropeller.
Operasjonele skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de earste testflechten mei de Russky Vityaz tusken 10 en 27 maaie 1913 waard fêststeld dat in passazjier gewoan troch de kabbine kuierje koe sûnder dat der problemen mei de stabiliteit fan it tastel ûntstiene. It tastel hie 700 meter nedich om fan 'e grûn te kommen.
Sikorsky’s plannen foar de Russky Vityaz wiene in koart libben beskern. Op 23 juny 1913 rekke it tastel, parkearre op de lâningsbaan, swier skansearre troch de losrekke motor fan in lânjende Morane. Sikorsky besleat om de Russky Vityaz net te reparearjen en begûn oan syn folgjende projekt, de Ilya Moeromets.
Technyske gegevens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gegevens | |
---|---|
Langte | 20,00 m |
Fleugelspanwiidte | boppe 27,00 m ûnder 20,00 m |
Draachflak fleugels | 120 m² |
Hichte | 4,00 m |
Oandriuwing | fjouwer Argus-linemotors fan 100 hk (74 kW) it stik |
Heechste faasje | 90 km/o |
Lâningsfaasje | 70 km/o |
Fleanberik | 170 km |
Tsjinstplafond | 600 m |
Gewicht leech | 3400 kg |
Gewicht by opstigen | normaal 4000 kg maksimaal 4940 kg |
Oerflakbelêsting | 35,0 kg/m² |
Leistungsbelastung | 10,5 kg/PS |
Bewapening | ien masinegewear |
Bemanning | 3 |
Passazjiers | 5 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|