Sikorsky Ilya Moeromets
Sikorsky Ylja Moeromets | |
---|---|
Rol | Passazjiersfleantuch, swiere bommesmiter |
Makker | Russo Balt |
Untwerper | Igor Sikorsky (haadyngenieur) |
Earste flecht | Desimber 1913 |
Yn tsjinst | 1913 |
Ut tsjinst | 1922?23 |
Tal makke | 85+ (1913-1917) |
Brûkers | Keizerlik Ruslân, Sowjet-Uny, Poalen, Ukraïne |
Untwikkele út | Sikorsky Russky Vityaz |
De Sikorsky Ilya Muromets (Russysk: Сикорский Илья Муромец) (Sikorsky S-22, S-23, S-24, S-25, S-26 en S-27) wiene in klasse Russyske grutte ferkearsfleantugen en swiere bommesmiters mei fjouwer motors fan foar de Earste Wrâldoarloch dy't yn dy oarloch ynset waarden troch it Russyske keizerryk.[1] de searje wie neamd nei Ilya Moeromets, in held út de Slavyske mytology.[2] en basearre op de Russky Vityaz of Le Grand, it earste fleantúch mei fjouwer motors yn de wrâld, ûntwurpen troch Igor Sikorsky.[3] De Ilya Moeromets wie yn 1913 in revolúsjonêr ûntwerp, ornearre foar kommersjeel gebrûk mei syn romme romp dy't plak hie foar in passazjiersferbliuw, sliepgelegenheid en in waskgelegenheid, allegear ferwaarme en mei elektrysk ljocht. [4] Under de Earste Wrâldoarloch wie it de earste bommesmiter mei fjouwer motor dêr't in spesjale strategyske bombardearienheid mei útrist waard.[5] Dizze swiere bommesmiter hie syn gelikense net yn de iere stadia fan de oarloch, mei't de Sintrale mogendheden earst folle letter tastellen krigen dy't it opnimme koene tsjin de Ylja Moeromets.[6] De Zeppelin-Staaken R.VI fan 1916-17 wie de iennichste fan alle Dútske Riesenflugzeug-ûntwerpen dêr't in beskieden 18 fan produsearre waarden ûnder de Earste Wrâldoarloch.
Mei dit type fleantúch waarden ferskate rekords brutsen yn kategoryen lykas draachfermogen, tal passazjiers, fleanôfstân en fleanhichte.
Gegevens militêre ferzjes Ilja Moeromets
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ilja Moeromets | IM-B | IM-V | IM-G-1 | IM-D-1 | IM-E-1 |
Fleantúchtype | bommesmiter | ||||
Untwerper | Fleantúchôfdieling fan it Russysk-Baltyske spoarweifabryk | ||||
Yn tsjinst fan | Russyske Keizerlike Loftmacht | ||||
Produksjejier | 1913—1914 | 1914—1915 | 1915—1917 | 1915—1917 | 1916—1918 |
Langte (m) | 19 | 17,5 | 17,1 | 15,5 | 18,2 |
Spanwiidte boppefleugels (m) | 30,9 | 29,8 | 30,9 | 24,9 | 31,1 |
Spanwiidte ûnderfleugels (m) | 21,0 | ||||
Fleugeloerflak (m²) | 150 | 125 | 148 | 132 | 200 |
Fleantúchgewicht sûnder lading (kg) | 3100 | 3500 | 3800 | 3150 | 4800 |
Gewicht mei lading (kg) | 4600 | 5000 | 5400 | 4400 | 7500 |
Fleantiid (oere) | 5 | 4,5 | 4 | 4 | 4,4 |
Fleanhichte (m) | 3000 | 3500 | 3000 | ? | 2000 |
Stiichfaasje (m/s) | 2000/30' | 2000/20' | 2000/18' | ? | 2000/25' |
Maks. faasje (km/o) | 105 | 120 | 135 | 120 | 130 |
Motors | 4 motoren «Argus» 140 pk (linemotor) |
4 motoren «Russo-Baltique» 150 pk (linemotor) |
4 motoren «Sunbeam» 160 pk (linemotor) |
4 motoren «Sunbeam» 150 pk (linemotor) |
4 motoren «Renault» 220 pk (linemotor) |
Totale produksje | 7 | 30 | ? | 3 | ? |
Bemanning | 5 | 5—6 | 5—7 | 5—7 | 6—8 |
Bewapening | 2x mitrailleur 350 kg bommen |
4x mitrailleur 417 kg bom |
6x mitrailleur 500 kg bom |
4x mitrailleur 400 kg bom |
5—8x mitrailleur oant 1500 kg bommen |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |