Springe nei ynhâld

Age Looxma Ypeij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Age Looxma-Ypey)
Age Looxma Ypeij

Age Looxma Ypeij (Ljouwert, 29 july 1833Ryptsjerk, 8 augustus 1892) wie in grutgrûnbesitter.

Syn dûbelde namme wie it gefolch fan in alliânsje tusken twa famyljes: de Looxma’s en de Ypeij’s, in soan fan Nicolaas Ypeij en Baudina Looxma. Beide famyljes hearden yn ‘e njoggentjinde iuw ta de “grutte boargerij”, dat wol sizze dat se lid wienen fan de adelike en patrisyske boppelaach fan de mienskip (dy‘t om ende by 3% fan de befolking útmakke). Om safier te kommen hienen se yn 'e santjinde en achttjinde iuw in lange wei omheech ôflizze moatten. Se hienen sukses hân, oare famyljes net.

Yn harren houlik kamen de beide famyljetradysjes byelkoar, dy fan it jild fan de Looxma’s en dy fan it ferstân fan de Ypeij’s boarne?. It yn dy tiid troch Nicolaas Ypeij syn skoanheit oankochte Vijversburg wie net folle mear as in hûs by in pleats op in net al te grutte kavel. Nicolaas Ypeij makke – yn de jierren nei de dea fan syn skoanheit yn 1843 – it hûs en letter de grûn, nei de foarm yn elts gefal, sa’t dy hjoed-de-dei binne. Hy bruts de neistlizzende pleats ôf, fergrutte yn in oantal etappes it hûs en kocht omlizzende perselen oan om it park yn Ingelske lânskipsstyl oan te lizzen.
Yn 1869 ferstoar Nicolaas en Baudina bleau efter mei har soan Age. Yn 1890 ferstoar Baudina en yn 1892 Age, dy’t nea troud wie en ek gjin bern hie.
Yn syn testamint mei de wurden ‘Tot aandenken aan mijne moeder’ waard ûnder oare regele dat der in stichting Op Toutenburg oprjochte wurde moast dy’t as taak hie it park en de filla te ûnderhâlden en de buorkerijen yn Tytsjerksteradiel te behearen. Boppedat moast de stichting in huis met twintig kamertjes bouwe. Dy keammerkes wienen bedoeld foar tweintich fan de meast behoeftige pearen fan de trije doarpen Tytsjerk, Ryptsjerk en Hurdegaryp.

De hûskes binne der hjoed-de-dei noch en steane op Swarteweisein op it plak dêr‘t eartiids it slot fan Schenk van Toutenburg stie. De porsleinkolleksje fan de famylje, dy’t bestie út 50.000 stiks, waard legatearre oan 'e provinsje Fryslân en hat koart te sjen west yn it Frysk Museum. Sûnt 2007 is de kolleksje te sjen yn museum Princessehof yn Ljouwert.

Yn maart 2012 waard it boek De Belvedêre fan Durk van der Ploeg publisearre. It boek giet oer de lêste dagen fan Age Looxma Ypeij, dy't syn testamint opmakket en weromsjocht op syn libben.