Springe nei ynhâld

Nicolaas Ypey

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nicolaas Ypeij)
Dizze side giet oer de dokter en filantroop. Foar de wiskundige en heechlearaar, sjoch: Nic Ypey.

Nicolaas Ypey (Ljouwert, 23 desimber 1794 - Ryptsjerk, 12 septimber 1869) wie in dokter, filantroop en grutgrûnbesitter.

Hy wie jierrenlang dokter yn Ljouwert. Troch syn houlik mei Baudina Looxma rekke er begoedige. Hy fêstige him yn Fiversburch (1851, Bosk fan Ypey), waard ûntginner fan de Burgumerheide en stipe alderlei maatskiplik wurk. Hy wie de heit fan Age Looxma Ypeij.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Ypey, Nicolaas.