Abdij Marienstatt

Ut Wikipedy
Kleaster Marienstatt
bouwurk
Abtei Marienstatt 008.jpg
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
dielsteat Flag of Rhineland-Palatinate.svg Rynlân-Palts
plak Streithausen
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1212 (stifting)
boustyl Gotyk (kleastertsjerke)
barok (kleastergebouwen)
offisjele webside
www.abtei-marienstatt.de

De Abdij Marienstatt (latyn: Abbatia Loci Sanctae Mariæ) is in sistersjinzersk kleaster en in beafeartsplak yn de Ortsgemeinde Streithausen by de stêd Hachenburg (Westerwaldkreis) yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De abdij leit yn in delte fan de Nister op sa'n fjouwer kilometer fan Hachenburg.

It kompleks bestiet út de abdij sels, in iergoatyske basilyk mei it grutste oargel fan Westerwald, in bibleteek, in brouwerij mei restaurant, in keunst- en boekesaak, in gasteferbliuw en in gymnasium.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wapen fan de abdij
De abdijtsjerke is it âldste gebou fan Marienstatt

De abdij waard stifte fanút de tsjintwurdich net mear besteande abdij van Heisterbach, dy't op syn beurt fanút Himmerod (1134) stifte waard, in streekrjochte stifting fan de abdij fan Clairvaux. Ynearsten waard de abdij yn 1212 sa'n sân kilometer eastliker by Neunkhausen stifte. Dat wie mooglik makke troch in skinking fan Eberhard fan Arenberg en syn frou Adelheid fan Molsberg. Mar fanwegen it klimaat en de boaiem waard dat plak wer ferlitten om it kleaster yn 1222 op te bouwen nei de hjoeddeiske lokaasje. Neffens in leginde soe de abt de lokaasje útsocht ha nei't er in dream hie fan in bloeiende hagebeam op it plak. De earste tsjerke waard op 27 desimber 1227 ynwijd ûnder Koenraad, de tredde abt. It kleaster foel eartiids ûnder it bisdom Keulen.

Bloeitiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1476 mochten gewoane minsken de tsjinsten yn de abdijtsjerke bywenje en dêrmei waard de wei iepene foar de beafeart op it oktaaf fan it Corpus Cristifeest. Yn dy tiid hie greve Gerhard fan Sayn yn 1479 it kleaster it privileezje jûn om in jiermerk te hâlden op de betinkingsdei dat de kleastertsjerke wijd wie. De krigele muontsen dy't it kleaster en de omjouwing fierder útbouden en oanmakken brochten mei de beafeart de abdij ta grutte bloei yn de lette midsiuwen, dy't allinne troch de pest yn 1490, doe't de muontsen it kleaster foar in hoart ferlitte moasten, mar soargen ek foar oergeunst en strideraasjes mei de greven fan Sayn, dy't jimmeroan besochten mear ynfloed op de abdij te krijen.

Reformaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alde kleasterbrêge oer de Nister

Yn 1561 fierden de greven fan Sayn yn de gebieten dêr't hja oer hearsken de reformaasje yn. It kleaster rekke syn behear oer de parochy Kirburg en de Nisterdelle kwyt en der folgen jierren fan konflikten tusken it grevehûs Sayn en de sisterzjinzer bruorren. Yn de Tritichjierrige Kriich easke Sweden de kleastereigendommen op foar de Sweedske Kroan. De bruorren waarden ferjage en de gebouwen plondere. Nei de ôftocht fan de Sweedske troepen like it der op dat der in ein oan de abdij kaam wie. Yn 1637 wenne allinne de abt mei in muonts en ien novise yn de abdij, mar nei de kriich bloeide it kleaster dochs wer op en útsein de kleastertsjerke waard yn dy tiid de measte hjoeddeiske gebouwen boud. De tsjerke krige in barok ynterieur, werfan't de trije moarmeren alters yn it súdlike sydskip en de wijwetterbekkens by de tagong bewarre bleaun binne. Yn 1754 folge de bou fan de poarte yn deselde styl, mar de twadde bloei fan de abdij soe net lang mear duorje.

Sekularisaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It keizerlike tsjerkhôf

Yn de Napoleontyske krigen tsjinne in diel fan Marienstatt as lazaret (1794-1795 en 1796-1797). Op it yn dy tiid oanleine tsjerkhôf lizze 636 soldaten begroeven. Frânske troepen plonderen dêrnei de abdij ferskillende kearen en de muontsen waarden twongen it kleaster foar in skoft te ferlitten. Op 19 oktober 1802 waard de abdij troch de ynfiering fan de sekularisaasje opheft en yn 1803 ferlieten de lêste muontsen de Nisterdelte.

Barokke yngong

Ferskillende bedriuwen makken dêrnei gebrûk fan de lege kleastergebouwen en alhoewol't de tsjerke fierder brûkt waard foar de earetsjinst, folge pas yn 1831 dêrta offisjele tastimming fan de oerheid, doe't de tsjerke parochytsjerke waard fan de nije parochy Marienstatt. Dêrmei koe de ôfbraak fan it goatyske tsjerkegebou tefoarren kommen wurde. De yntusken swier ferfallen kleastergebouwen waarden yn 1842 troch it hartochdom Nassau foar 19.500 gûne weromkocht. De abdij bleau lykwols leech stean en yn 1864 waarden de gebouwen foar 20.900 gûne oan de Limburger biskop Peter Josef Blum ferkocht, dy't der in ynstelling foar ferwaarloazge bern yn ûnderbringe woe. Mar yntusken hiene de anty-klerikale liberalen de ferkiezings wûn en hja woene fan de ferkeap oan de Tsjerke ôf omt de gebouwen mei de grûn neffens har mear opbringe koene troch bedriuwsmjittich gebrûk. Der folgen fûle debatten tusken de anty-klerikalen, en oaren, dy't mear pro-klerikaal wiene en fûne dat it sosjale doel fan it kompleks ek wat wurdich wie. De sittings einigen lang om let yn it respektearjen fan de ferkeap en sa kaam it kompleks dochs wer yn hannen fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

De lieding fan it kleaster waard tabetroud oan bruorren fan de Kongregaasje fan de Hillige Geast, mar nei't dy muontsen yn it ramt fan de Kulturkampf útwiisd waarden, namen de sekuliere preesters fan it bisdom Limburch it bestjoer oer. Yn 1888 kochten muontsen fan de abdij Wettingen-Mehrerau by it Eastenrykske Bregenz it kompleks fan it bisdom en de abdij waard op 'e nij bewenne troch sistersjinzers. Op 30 august 1888 waard it kompleks op 'e nij offisjeel wer in bloeiende abdij.

20e-21e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur abdijtsjerke

Yn de Earste Wrâldkriich fong de abdij militêren op en yn 1922 waarden de sekularisearre kleasters fan Himmerod en Hardehausen út Marienstatt wei op 'e nij befolke en yn gebrûk nommen. Yn de Twadde Wrâldkriich drige ûnder it nasjonaalsosjalisme op 'e nij sluting. De oblateskoalle waard sletten, mar de abdij tsjinne fannijs as lazaret en de lokaasje fan troch alliearde bommen sosjale ynstelling fan Dormagen en Frankfurt am Main en in teologyske hegeskoalle út Frankfurt am Main. Nei de kriich waard de oblateskoalle ta in gymnasium útboud. Oant it sluten fan it ynternaat yn 1982 libben likernôch 120 learlingen yn Marienstatt. It ynternaat waard nei it sluten omboud ta gasteferbliuwen.

De tsjerke is tsjintwurdich yn eigendom fan de oerheid fan Rynlân-Palts, de kleastergebouwen binne fan de abdij.

Abdijtsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1222 waard útein set mei de bou fan de abdijtsjerke Us-Leaffrouwe fan Marienstatt, dy't yn 1425 foltôge waard. Somtiden wurdt der ornearre dat de kleastertsjerke de earste goatyske tsjerke eastlik fan de Ryn wie, mar al foar 1190 waard mei de goatyske ferbouwing fan de Limburger domtsjerke begûn en de earste grutte goatyske nijbou eastlik fan de Ryn wie de sûnt 1209 boude domtsjerke fan Magdeburg. De kleastertsjerke draacht sûnt 1927 de titel basilica minor. Yn de abdijtsjerke stiet in oargel fan Rieger Orgelbou út 1970, it grutste oargel fan it Westerwald. De tsjerke is ferneamd fanwegen it 14e-iuwske Ursula-alter, ien fan de âldste fleugelalters yn Dútslân.

Oare bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de muontsen wennet der op de souder fan it kleaster in grutte koloanje Mûsearflearmûzen. De populaasje waard yn 1999 ûntdutsen en is fan de soarte de iennige populaasje yn de dielsteat Rynlân-Palts. Yn juny 2002 bestie de koloanje út 603 eksimplaren en yn 2014 wiene it der al 1300.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side