Dom fan Limburch oan de Lahn
Dom fan Limburch oan de Lahn Limburger Dom | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
plak | Limburch oan de Lahn | |
adres | Domplatz | |
koördinaten | 50° 23' N 8° 04' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Limburch | |
patroanhillige | Sint-Joaris | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1235 (foltôge) | |
boustyl | romaansk, iergoatysk | |
hichte | 66 meter (krusingstoer) | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Webside | ||
Side bisdom Limburg | ||
Kaart | ||
De Dom fan Limburch oan de Lahn is in katedraal yn 'e stêd Limburch oan de Lahn, dy't oan 'e rivier de Lahn yn 'e Dútske dielsteat Hessen leit. De oan Sint-Joaris wijde tsjerke is de haadtsjerke fan it yn 1829 stifte bisdom Limburch. De tsjerke waard tusken 1190 en 1235 op in rots boud en is troch de hege lizzing yn 'e wide omkriten te sjen. De domtsjerke wurdt oer it generaal beskôge as ien fan 'e meast folmakke foarbylden fan romaanske boukeunst, ek al binne der iere goatyske styleleminten yn waar te nimmen.
Foargongers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wannear't in earste tsjerke op de Limburger rots oan 'e Lahn boud waard, is net mear te efterheljen. Neffens in berjocht yn in nekrology fan it Kastorstift yn Koblenz soe aartsbiskop Hetti fan Trier (814-147) yn Lympurgensis oan 'e hillige Joaris in tsjerke wijd ha. Foar it feit dat der al yn 'e 9e iuw in tsjerke stien hat, sprekke argeologyske fynsten ûnder tsjerke en om de Michaelkapel hinne, lykas grêven út de Karolingyske tiid. Bewizen binne der lykwols net, der binne gjin bouresten fûn en der falt likemin wat te sizzen oer de oarspronklike patroanhillige. Om't it berjocht pas yn de 16e iuw skreaun is, bliuwt it yn it ûndersyk in striidkwestje.
Op 10 febrewaris 910 stelde kening Loadewyk IV it Bern in skinkingsoarkonde op foar it stiftsjen fan in koarhearenstift, dêr't de doedestiidske greve fan 'e goa Niederlahn mei belest wie. De bou fan 'e kleastertsjerke begûn hast fuort dêrnei. De kar foar Sint-Joaris as tsjerkepatroan waard yn in keizerlik dokumint út it jier 940 fan Otto I neamd. Doe wie de tsjerke nei alle gedachten al foltôge. Under it skip fan 'e hjoeddeiske tsjerke binne by opgravings yn 'e 20e iuw resten fûn fan dat earste godshûs.
De hoeddeiske bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens dendrogronologysk ûndersyk en de stylfoarmen fan de ûnderste boudielen fan de tsjintwurdige tsjerke kin der fan út gien wurde dat it boubegjin om de jierren 1180-1190 hinne lei. De wijing fan it godshûs fûn plak yn it jier 1235 troch de aartsbiskop fan Trier. De tsjerke krige twa patroanhilligen: Sint-Joaris en Nikolaas fan Myra. Wa't de lieding fan de bou hie is net bekend.
It liket der op dat de tsjerke yn fjouwer boufazes foltôge waard. De lêste fan dy fjouwer fazes, dy't de noardlike kant fan it transept en it koar omfettet, ferriedt dúdlik goatyske ynfloeden.
Foar de bou fan de tsjerke stie yn 'e lêste twa fazes de katedraal fan Reims model. De Marije-Himelfearttsjerke yn Andernach waard likernôch yn 'e selde tiid boud as de Limburger domtsjerke en it is mooglik dat ek dy tsjerke teminsten foar in part model stien hat foar de Limburger dom.
Yn 1802 kaam der troch de sekularisaasje in ein oan it stift fan Limburch oan de Lahn. De kleastergebouwen kamen as in kompensaasje foar it ferlies fan it Greefskip Nassau-Saarbrücken oan 'e lofter kant fan 'e Ryn yn hannen fan it Hûs Nassau en de tsjerke waard fierder brûkt as parochytsjerke. Op oantrunen fan 'e hartoch fan Nassau waard yn 1827 it bisdom Limburch oprjochte. Njonken it gebiet fan it hartochdom heart ek de frije stêd Frankfurt by it bisdom. De Sint-Joaristsjerke waard no oanwiisd om de katedraal fan it nije bisdom te wurden.
De earste biskop fan Limburch oan de Lahn wie Jakob Brand (1827-1833). It bisdom telt likernôch 700.000 katoliken en is ien fan de jongere Dútske bisdommen.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dom is in let-romaanske, trijskippige basilyk mei iere goatyske aksinten. It bouwurk is fan bûten ryk dekorearre en hat sân tuorren. It tal tuorren ferwiist symboalysk nei de sakraminten. De beide westlike tuorren binne 37 meter heech en foarmje tegearre de karakteristike westlike gevel. Sokke gevels mei twa tuorren wurde faker yn it Rynlân oantroffen, lykas yn Xanten, Andernach en Koblenz. De spitse krusingstoer hat in hichte fan 66 meter en riist boppe alle oare tuorren út. Dy hichte krige de krusingsspits nei it ynslaan fan 'e bliksem yn 1774. Mei de weropbou waard de spits doe 6,5 meter heger makke. De hoektuorren van it súdlike dwersskip binne yn 1863 tafoege.
Opfallend oan 'e westlike gevel is it roasfinster. Om it sintrale roasfinster binnen acht lytse roazetten groepearre. Op 'e hoeken fan it roasfinsterfjild binne de byldsjes fan 'e symboalen fan 'e fjouwer evangelisten oanbrocht. Nettsjinsteande de symmetry fan 'e dûbele tuorren is der in ryk ferskaat oan fariaasjes yn foarmen en boueleminten waar te nimmen. De boppeferdjipping fan 'e noardlike toer hat al goatyske boufoarmen yn it maaswurk fan 'e finsters. Der wurdt oannommen dat de twa bylden yn it haadportaal de stifter en boumaster fan 'e tsjerke foarstelle.
Yn 'e jierren 1872-1873 waard yn it ramt fan in restauraasje de mearkleurige bûtenbeskildering (wyt, read, oker, swart en grien) fan 'e domtsjerke oerstrutsen. Oan 'e hân fan kleurresten binne de kleuren fan it eksterieur fan foar dy tiid yn 'e jierren 1968-1972 rekonstruearre.
Ynterieur (seleksje)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yn de Erasmuskapel fan it súdlike sydskip stiet it let-romaanske doopfont.
- Op seis figuren stiet de grêftombe fan Konrad Kurzbold, de stifter fan it stift. De plaat mei de byltenis fan Konrad Kurzbold is 13e-iuwsk; de figuren dêr't de plaat op rêst binne in stik âlder en datearje út de 11e iuw.
- It krúsbyld yn 'e triomfbôge is let-goatysk en stamt út likernôch 1500.
- Oan 'e súdlike kant fan it middenskip stiet in ryk bewurke, let-goatyske sakramintstoer.
- It Anna-alter út 'e ein fan 'e 15e iuw heart net ta de oarspronklike ynrjochting fan 'e domtsjerke en kaam hjir earst tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw telâne.
- De Mariakapel besit in barok Madonnabyld út it begjin fan 'e 18e iuw. De altertafel dêr't it byld op stiet datearret út 'e boutiid fan 'e tsjerke.
- Muorrefresko's binne oeral yn 'e katedraal te finen en datearje út ferskillende tiden.
Oargels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn 'e 14e iuw waard der skreaun oer it spyljen op in oargel yn 'e tsjerke. Yn 1443 wurde der twa oargels neamd. It hjoeddeiske oargel is yn 1978 troch de oargelbouwer Klais út Bonn boud. Ek de oargelkas is modern. It instrumint hat 60 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal. De spyltrakturen binne mechanysk, de registertrakturen elektrysk.
Domskat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerkeskat wurdt yn it dommuseum útstalt. Hjir binne tal fan keunstwurken te sjen út de rike skiednis fan 'e dom, û.o. in stauroteek mei stikjes hout fan it krús fan Kristus.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Let-romaansk doopfont.
-
Let-goatysk fresko fan de Beam fan Jesse.
-
Oargel.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) De domtsjerke op de side fan it bisdom Limburch oan de Lahn
- (dú) Domschatz- und Diözesanmuseum op de side fan it bisdom
- (dú) De domtsjerke en syn ynrjochting op de side fan Monumente-online
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (dú) Limburger Dom
|