Springe nei ynhâld

Aartsingel Michaelkatedraal (Moskou)

Ut Wikipedy
Aartsingel Michaelkatedraal
Архангельский собор
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Kremlyn fan Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Arsjitektuer
arsjitekt Aloysius de Nije
boujier 1505-1508
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 771510302110286
Webside
arhangelmos.moseparh.ru
Kaart
Aartsingel Michaelkatedraal (Moskou)
Aartsingel Michaelkatedraal

De Aartsingel Michaelkatedraal (Russysk: Архангельский собор; Archangelski sobor) is ien fan 'e katedralen yn it kremlyn fan Moskou. De katedraal waard yn 'e jierren 1505–1508 boud en foarmet njonken de oanbuorjende katedralen, de Untsliepeniskatedraal en de Ferkundigingskatedraal, it arsjitektonyske sintrum fan it kremlyn. Oant Peter de Grutte waarden yn 'e Michaelkatedraal hast alle Russyske tsaren begroeven. By in oansteande striid tsjin ynfallers kamen Moskouse grutfoarsten earst noch yn 'e katedraal om dêr de help fan de hillige aartsingel Michael ôf te smeken foar in goed ferrin fan 'e striid, .

De earste houten Aartsingelkatedraal op it plak fan 'e hjoeddeiske katedraal feriisde nei alle gedachten noch ûnder it regear fan Michail Chorobrit, de broer fan Aleksander Nevski, yn 1247-1248. Ut tankberens foar it einigjen fan in hongersneed liet Ivan Kalita in nije stiennen katedraal bouwe, dy't op 20 septimber 1333 ynwijd waard

Lokaasje fan 'e Michaelkatedraal yn it kremlyn.

De tsjintwurdige katedraal waard yn 'e jierren 1505-1508 yn opdracht fan Ivan III boud ûnder lieding fan 'e Italjaanske arsjitekt Aloisio Lamberti da Montagnana, dy't yn Moskou Aloisius de Nije neamd waard. Foar de bou moasten earst de yn 'e âlde katedraal begroeven foarsten oerbrocht wurde nei de tichtebylizzende Jehannes-Klimakostsjerke, dy't letter foar de bou fan 'e klokketoer fan Ivan de Grutte wike moast. Ivan III ferstoar noch ûnder de bou fan 'e katedraal en waard as earste yn 'e nije katedraal byset, wêrfan't de basis nei alle gedachten al foltôge wie. De nijbou waard op 8 novimber 1508 troch de metropolyt Simon konsekrearre.

De arsjitekt liet him bie de bou fan 'e katedraal troch de renêssânse fan syn heitelân beynfloedzje, itinge oant de dei fan hjoed oan 'e arsjitektonyske details fan 'e tsjerke te sjen is. Oarspronklik wie oan 'e katedraal ek in galerij achter in rige fan arkades oanboud, dy't neffens Moskouse ferhâldings de tsjerke in hast eksoatysk oansjen joech. By in lettere ferbouwing waard dy galerij wer ôfbrutsen. Grutte feroarings ûndergyng de katedraal yn 'e twadde helte fan 'e 16e iuw, doe't oan 'e sydkant twa lytse tsjerken en oan 'e súdlike kant de saneamde Rjochtskeamer oanboud waarden. Yn 'e jierren 1560 waarden foar it earst de muorren yn 'e katedraal mei fresko's fersierd.

De katedraal (lofts) op in tekening fan Giacomo Quarenghi út 1797.

By in grutte brân yn it kremlyn fan Moskou yn 1737 rekke de katedraal slim skeind. De katedraal waard wer renovearre, mar moast yn 'e jierren 1770 op 'e nij restaurearre wurde nei't op it plak dêr't hjoeddedei it Grutte Kremlynpaleis stiet in nije residinsje foar de tsaar komme moast. It útgraven fan 'e fûneminten fan de nije residinsje feroarsake foar de katedraal in fersakking rjochting de Moskwa en om fierdere swierrichheden tefoarren te kommen waarden oan 'e súdlike kant fan 'e katedraal doe konstruksjes oanboud. Dy konstruksjes sitte der noch altiten. Fanwegen dy en oare swierrichheden waard de fierdere útfiering fan 'e plannen foar in nij tsarepaleis ôfsjoen.

Oant de 18e iuw tsjinne de katedraal as it plak dêr't de Moskouse grutfoarsten en letter, nei de feriening fan alle Russyske foarstedommen, de Russyske tsaren byset woarden. Pas mei de stifting fan Sint-Petersburch as haadstêd fan it keizerryk troch Peter de Grutte kaam dêr in ein oan. As lêste hearsker waard de yn Moskou oan 'e pokken ferstoarne Peter II yn 'e Michaelkatedraal byset.

Tegearre mei alle oare tsjerken fan it kremlyn waard de katedraal yn 1918 troch it nije bolsjewistyske bewâld sletten. De bolsjewiken ferhûzen it regear fan Sint-Petersburch wer nei Moskou en tenei wiene de tsjerken foar de otterdokse leauwenden ticht. In grut part fan 'e rykdommen yn 'e sakristy binne doe as útstallingsfoarwurpen nei de Wapenkeamer oerbrocht, dêr't de bêste stikken noch jimmeroan útstald wurde. Nei in restauraasje yn 'e jierren 1953-1955 waard de katedraal wer as in museum iepene. Doe't der in ein kaam oan it systeem fan 'e Sovjet-Uny, waard it gebou oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn. Sûnt wurde der wer ferskate kearen yn it jier earetsjinsten fierd.

Haadportaal fan de katedraal mei fresko fan it Jongste Gerjocht.

Alhoewol't de katedraal fanwegen de ferbouwings sûnt de 16e iuw in soad fan it oarspronklike oansjen ferlern hat, binne oant de dei fan hjoed noch karakteristike styleleminten te sjen, dy't de katedraal dúdlik in hiel oar karakter jouwe dan dat fan 'e beide oanbuorjende katedralen, ek al is it grûnplan wakker itselde. Wat de struktuer oanbelanget hat de Michaelkatedraal in soad fan 'e Untsliepeniskatedraal en ferlykbere Russyske katedralen út dy tiid, dat benammen wjerspegele wurdt yn 'e symmetryske opstelling fan 'e fiif koepels. De grutte, sintrale sipelfoarmige koepel symbolisearret tradisjoneel Jezus Kristus, de fjouwer lytsere dêr om hine de fjouwer evangelisten.

De foar dy tiid nije Jeropeeske styleleminten binne by de Michaelkatedraal sterker útfierd as by de Untsliepeniskatedraal, dy't ek troch in Italjaanske arsjitekt boud waard. Oan 'e net mear oanwêzige galerij dogge de noch altiten bôgefoarmige nissen tinken. De gevel wurdt fuort ûnder de foar de Russyske tsjerkebou typyske sakomary mei in rige healrûne nissen yn skelpfoarm ôfsluten. Fan bûten liket de tsjerke troch de massive kroanlist yn 'e midden fan 'e gevel twa ferdjippings te hawwen, wylst it ynterieur ien grutte romte is. Italjaanske ynfloed is der ek by de tagongsportalen yn ' e noardlike en westlike gevel: de bôgefoarmige nissen fan wite kalkstien binne farve en hawwe in florale dekoraasje. Oer it generaal is de tsjerke in ûngewoane mingeling fan tradisjonele Russyske boukeunst en in renêssânsestyl, dy't karakteristyk is foar Feneesjaanske tsjerkegebouwen.

Oan 'e eastlike gevel fan 'e katedraal binne yn 'e lette 16e iuw twa lytse apsissen oanboud, dy't eartiids as tsjerkjes ynwijd binne. Ek in lytse oanbou oan 'e súdlike gevel, dêr't yn 'e 16e en de 17e iuw de Rjochtskeamer stie, bleau bewarre. Yn 'e kelder fan 'e romte waarden liifeigenen fêstset, dy't de hier fan 'e eigendommen fan 'e katedraal net betellen. Om't de katedraal oant yn 'e midden fan 'e 19e iuw noch gjin ferwaarming hie, folge yn 1826 op dat plak de tsjintwurdige oanbou, sa't de geastlikheid harren dêr wat opwaarmje koe.

De skryn foar tsarevitsj Dmitri (1582–1591).

It ferwulft wurdt droegen troch seis pylders. De twa boppe inoar lizzende rigen smelle ramen litte net in soad deiljocht troch en grutte kroanluchters soargje foar mear ljocht. De muorren en it ferwult binne lykas de oare tsjerken fan it kremlyn mei fresko's beskildere, fragminten dêrfan datearje noch út de 16e iuw. Tusken 1652 en 1666 waard de katedraal troch in tal Russyske skilders út û.o.Jaroslavl, Kostroma en Viliky Novgorod op 'e nij beskildere. De fresko's stelle benammen de Russyske foarsten foar en foarstellings fan 'e aartsingel Michael. Boppe it westlike tagongsportaal is it Jongste Gerjocht oanbrocht.

De 13 meter hege houten ikonostaze is dekorearre mei ferguld fykwurk. De ikonostaze waard yn 'e jierren 1678-1681 makke en is yn it begjin fan 'e 19e iuw foar in part fernijd. De ikoanen binne gruttendiels 17e-iuwsk.

Yn 'e tsjerke lizze de 46 grêven fan grutfoarsten, tsaren en harren famylje, meiïnoar 54 persoanen. Dêrmei is de katedraal ien fan 'e grutste keninklike nekropoalen fan 'e wrâld. De grêven hawwe allegear inselde opbou: de omskotten lizze likernôch oardel meter ûnder de grûn mei boppe de grûn in wite stien op in sarkofaach mei dêrop yn Ald-Tsjerkeslavysk de nammen en libbensdata. Om de stien te beskermjen binne der sûnt it begjin fan 'e 20e iuw brûnzen omklaaisels oer hinne lein. Boppe de grêven binne fresko's oanbrocht fan 'e persoan dy't dêr beïerdige is.

Sûnt Ivan Kalita yn 1340 ferstoar binne alle Moskouse grutfoarsten yn 'e katedraal byset. Ek binne alle Russyske tsaren sûnt de ynstelling fan it tsaredom troch Ivan de Ferskriklike († 1584) oant Peter de Grutte hjir gegroeven. In útsûndering foarmet tsaar Boris Godûnov († 1605), dy't ynearsten hjir wol byset is, mar ûnder de Poalsk-Litouwske ynvaazje wer opgroeven waard en no mei syn famylje yn it Trije-ienheidkleaster fan Sergjev Posad leit. As lêste Russyske tsaar waard Peter II († 1730) yn 'e Michaelkatedraal byset, dy't oan de pokken ferstoar doe't Moskou foar koarte tiid wer tsjinne as residinsje.

Njonken de gewoane grêven binne der noch twa ôfwikende grêven yn 'e foarm fan in skryn. Yn ien lizze de reliken fan de as hillige fereare foarst Michael fan Tsjernikov (1179–1246). Bekender is de skryn foar tsarevitsj Dmitri (1582–1591). Oarspronklik stie op dat plak in sulveren skryn út 1630, mar dy waard yn 1813 stellen troch de troepen fan Napoleon. De deksel fan 'e skryn bleau lykwols bewarre en stiet hjoed-de-dei yn 'e Wapenkeamer fan it kremlyn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Erzengel-Michael-Kathedrale (Moskau)