Springe nei ynhâld

Aant Jelle Soepboer

Ut Wikipedy
Aant Jelle Soepboer
politikus
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 17 augustus 1989
berteplak Dokkum
etnisiteit Frysk
partij FNP (2017-no)
NSC (2023-no)
Lid gemeenteried Noardeast-Fryslân
amtsperioade 2018-2022
wethâlder gemeente Noardeast-Fryslân
amtsperioade 2022-2023
Lid Twadde Keamer
amtsperioade 2023-no
offisjele webside
A.J. (Aant-Jelle) Soepboer, parlement.com

Aant Jelle Soepboer (Dokkum, 17 augustus 1989) is in Nederlandske bestjoerder, skriuwer en muzikant. Sûnt 16 maaie 2022 is er wethâlder in de gemeente Noardeast-Fryslân. Anno 2023 wennet er yn Nijewier. Hy is warber politikus foar de Fryske Nasjonale Partij (FNP) en sûnt 2023 foar Nij Sosjaal Kontrakt (Nieuw Sociaal Contract, NSC) [1] en set him yn foar de emansipaasje fan it Frysk. Soepboer kaam yn septimber 2023 op it sânde plak fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen fan NSC.

Soepboer waard berne yn Dokkum en waard dêr er ek grutbrocht. Hy die fan 2006 oant 2011 de learare-oplieding skiednis en ierdrykskunde oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. Yn it lêste stúdzjejier yn septimber 2010 waard er learaar skiednis en ierdrykskunde by de Kristlike Skoallemienskip Liudger dêr't er wurke oant augustus 2020. [2]

Ein 2017 waard Soepboer lid fan de Fryske Nasjonale Partij (FNP), krekt foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 2018 dêr 't er oan meidien hat as 16e op de kieslist. Troch in kampanje dêr't noflik libjen op it plattelân en it oerein hâlden fan tradysjes, lykas it stypjen fan it bliuwend brûken meie fan platte weinen by optochten (wêrtroch 't in soad jeugd op him stimde), in wichtige rol spilen slagge it him mei foarkarstimmen yn de gemeenteried te kommen. [3].

Yn de fjouwer jier dat er riedslid krige Soepboer bekendheid troch stikken yn de regionale en lanlike kranten te skriuwen oer saken lykas it wenningtekoart, bouwen foar jongeren mei in sosjaalekonomyske bining oan it gebiet, tradysjes as karbidsjitten en prealweinen en it tsjingean fan krimp.
By de ferkiezingen fan 2022 waard Soepboer listlûker en boekte mei de FNP-fraksje yn de gemeente Noardeast-Fryslân in oerwinning wêrtroch't de partij mei 8 fan de 29 sitten as grutste partij yn de gemeenteried kaam te sitten. Tegearre mei Sociaal in Noardeast (S!N) en Gemeentebelangen Noardeast-Fryslân foarme de FNP de koälysje en sleaten sy in 'lokaal akkoart mei de Mienskip'. [4] Soepboer trede tegearre mei Bert Koonstra oan as wethâlder foar de FNP. Yn syn portefúlje siet 'mienskip', kultuer, behear iepenbiere romte en miljeu. Ek de Fryske taal wie ûnderdiel fan syn portefúlje en hy die mei oan it Provinsjaal Bestjoerlik oerlis Frysk. Op 19 oktober 2023 hat Hanneke Jouta him opfolge as wethâlder.

Op 6 december 2023 waard er lid fan de Twadde Keamer, in de fraksje Nij Sosjaal Kontrakt (Nieuw Sociaal Contract, NSC).[2]

Soepboer groeide op yn in famylje dêr't it Frysk prominint oanwêzich wie. Dêrmei waard in basis lein foar de taalemansipaasjestriid. As studint skiednis, mar ek as dosint oan de meartalige skoallemienskip CSG Liudger sette Soepboer him yn foar syn memmetaal. Hy skreau syn skripsje yn it Frysk en joech dêrnei tsien jier lang (2010-2020) skiednis en ierdrykskunde yn it Frysk.

Soepboer is drummer yn de Fryske folkband Baldrs Draumar, dy 't him rjochtet op Fryslân en Noardske mytology.

Fan 2019 oant er yn 2022 wethâlder waard wurke Soepboer as senior ûnderwiisadviseur Frysk en meartaligens ” foar Cedin B.V. yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Hy is ek bestjoerslid foar de Vereniging van Leraren in Levende Talen seksje Frysk.

Op 9 april 2022 krige Soepboer de 'gouden kneppel' útrikt troch it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip foar syn fertsjinsten foar de Fryske taal. De namme fan de priis is in ferwizing nei Kneppelfreed. [5]

Tegearre mei stúdzjefreon Richard Zuiderveld is Aant Jelle Soepboer skriuwer fan de skiednisboekesearje Vet Oud! De útjefte Vet Oud! Legendarisch wie yn 2016 winner fan de Kleio Klassepriis.

Album Utbrocht op Band
Forfedres fortellinger 25 novimber 2011 Baldrs Draumar
Aldgillissoan 18 april 2015
Fan Fryslâns ferline 7 oktober 2017
Magnus 23 novimber 2019
Njord 19 novimber 2022

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: