Springe nei ynhâld

Karbydsjitten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Karbidsjitten)
Stikken karbyd.
In molkbus wurdt in protte brûkt by it karbydsjitten.
Karbydsjitte mei in molkbus

Karbydsjitten of karbidsjitten is it ûntploffe litten fan karbyd yn in karbydbus. It is in barren dat in protte dien wurdt yn de tiid om âld en nij hinne en eartiids by brulloften.

De oarsprong fan it karbydsjitten komt neffens alle wierskyn by de âlde Germanen en harren joelfeesten wei. Yn dy tiid wie der lykwols noch gjin karbyd. Yn it Ynterbellum en nei de Twadde Wrâldkriich kaam it karbyd hieltyd mear yn omrin. It waard troch de measte doarpssmidden brûkt by it laskjen, mar koe ek brûkt wurde as brânje foar bygelyks fytsljochten. Sûnt dy tiid is it makliker wurden om oan karbyd te kommen. De earste berjochten fan it sjitten mei karbydbussen binne fan foar de Twadde Wrâldkriich.[1]

It karbydsjitten kaam 2014 op nûmer fyftich op de Nasjonale Ynventaris ymmaterieel Kultureel Erfgoed yn Nederlân.

Tradysje & sport

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It karbydsjitten is benammen in tradysje yn it noarden en easten fan Nederlân en yn it noardwesten fan Dútslân. Yn dy kriten wurdt om âld en nij hinne mei karbyd sketten. Yn it noarden fan Beieren en yn Belgje wurdt dat ek dien by brulloften, mar lykwols net mei âldjier. Op guon plakken yn Noard-Brabân wurdt op de jûn fan de ûndertrou oan karbydsjitten dien. By de Sorben en yn de Eastenrykske regio Karinsje wurdt mei Peaske oan karbydsjitten dien.

De sport fan it karbydsjitten leit 'm yn it momint dêr't de bus op ûntploffen ta brocht wurde moat. Troch de mannichte karbyd, wetter en de tiid fan de ûntstekking te feroarjen wurdt socht nei de bêste knal. Somtiden wurdt der ek wol gebrûk makke fan grutter materieel, bygelyks in jarretank, om foar in noch gruttere knal te soargjen. De lêste jierren fine der ek wol kampioenskipppen plak foar de lûdste knal of dy't it fierste sjitte kin.

By karbydsjitten wurdt karbyd yn de measte gefallen yn in molkbus dien, mar ek ferfbussen of oanpaste gasflessen wurde brûkt. Op guon plakken wurdt der sels sjitten mei jarretanks. Foardat it karbyd de bus yngiet wurdt it wiet makke mei flibe of wetter. As it karbyd yn de bus leit wurdt dy tichtmakke mei in lid, of tsjintwurdich ek wol mei in (fuot)bal. Trochdat it karbyd wiet is ûntstiet in gasmingsel yn de bus dat ûntflamber is. Dat gasmingsel wurdt ûntstutsen troch in bûzjy of in gatsje dat oan de efter- of ûnderkant fan de bus makke is. Hjirtroch moat it gas ûntploffe dêr't it lid troch fan de bus ôfsjit, soms sjit dat wol inkele tsientallen meters fier fuort.

Karbydsjitten bart net sûnder noed. Foar sawol omstanners, de ôffjurder en dingen yn de omkriten fan de karbydbus kin it gefaarlik wêze. By it karbydsjitten kin it hurde lûd by de ûntploffing in gefaar foar de earen wêze. Ek kin it wêze dat, troch it te fêstslaan fan it lid op de busse, de hiele bus útelkoar knalt. Op dy wize is yn Kampen yn de jierren njoggentich fan de 20e iuw ien dea rekke. Brânwûnen komme ek in protte foar troch de karbydsjitterij.

Gemeente & plysje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ornaris is it ferbean om mei karbyd te sjitten. Guon Fryske gemeenten jouwe ûnder betingst wol tastimming om mei karbyd te sjitten. Sa binne der gemeenten dêr't earst melding makke wurde moat.[2] Oare gemeenten hawwe spesjale plakken dêr't karbydploegen op in bepaalde tiid sjitte meie.[3] Karbydploegen dy't har net oan dy regels hâlde kinne dêrfoar in boete fan de plysje krije.[4]

Fan dôven en minhearrenden soene jo ferwachtsje, dat se net safolle lêst fan it karbydsjitten hawwe. Foar de lêste groep is soks perfoarst net it gefal. By it ôfnimmen fan it gehoar wurdt dat ek gefoeliger. Dêrmei nimt foar minhearrenden yn in soad gefallen de oerlêst ta. HoorFriesland, de belange-organisaasje foar dôven en minhearrenden, bringt dêrom alle jierren in list út mei lokaasjes dêr't mei karbyd sketten wurdt. Net om de wille te bedjerren, mar om minhearrenden in mooglikheid te jaan in plakje sûnder karbydsjitten op te sykjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Webside oer de tradysjes om âld en nij hinne
  2. Regels oangeande it sjitten mei karbyd yn gemeente It Hearrenfean
  3. Regels oangeande it sjitten mei karbyd yn de gemeente Skarsterlân
  4. Omrop Fryslân: Betide karbidsjitters bekeurd 18 desimber 2011